Sa sjocht it nije Diftar-systeem derút yn de praktyk

It nije ôffalbelied Diftar yn Ljouwert moat it ôffal skieden yn Ljouwert befoarderje. Minsken betelje de kilo restôffal en dêrmei hopet de gemeente dat der mear yn de GFT-bak komt. By Omrin fernimme sy dat der minder grize konteners oan de dyk steane. Dochs fernimme ynwenners fan de stêd ek oerlêst.
"Sjoch der komt noch krekt efkes ien nei bûten draven om de kontener del te setten", seit Ryntina Hofman (27) wylst sy mei har jiskewein in strjitte yn Ljouwert binnen riden komt. Oan de ein fan de strjitte draaft in man yn in badjas mei in kontener de dyk oer. De man sjocht rap om him hinne en set de ôffalbak del.
Hofman rydt mei har auto rjochting de kontener en pikt him oan de foarke oan de sydkant fan de auto op. Ryntina wurket by Omrin en is sljocht op ôffal. Net om it te meitsjen, mar om it op te heljen. Sy sjocht dat troch Diftar de rûte feroaret.
"Der steane al wat minder konteners by de dyk", seit Hofman. "Dat is fansels ek it idee fan it nije systeem, dat minsken dan mear yn de GFT-bak smite, wêrtroch it oantal kilo's foar de grize kontener leger wurdt."
Offalcoach
Ryntina hâldt efkes op fan praten om de kontener te leegjen. "Sy betelje no de kilo en dan wolle je dat fansels leger hâlde." Om te helpen by it skieden is Ryntina ek ôffalcoach. "Ik kom dan by minsken thús om te sjen hoe't sy it bêste skiede kinne. Dêr kinne je noch in soad stappen yn meitsje."
Sa sjocht it nije Diftar-systeem derút yn de praktyk
De jiskewein fan Omrin hat no ek apparatuer om de kontener wage te kinnen. "De masine kin fuortendaliks sjen hoefolle kilo at der yn in kontener sit. Yn de auto sit in kamera dêr't ik de sydkant fan de auto op sjen kin. Ik wit dan presys hoe't ik de konteners oanpikke kin. De masine waacht dan de kilo's op it stuit dat ik de konteners oanheakje, mar ek at ik dy hast leegje."
Wachtsje op de bak
Der wie in soad krityk op it nije ôffalbelied fan de gemeente. Ferskate politike partijen fine dat der problemen binne mei Diftar. Sa kin der bygelyks mear ôffal yllegaal fuortsmiten wurden. Njonken dat kinne minsken by inoar it ôffal yn de kontener goaie.
"Ik sjoch wol dat der mear minsken wachtsje op de kontener by it leegjen", seit Ryntina. "Mar dat wie earst ek altyd in soad. Minsken fine it ek gauris moai om de jiskewein te sjen."
Protte om te dwaan
Earder wie der yn de polityk in soad om it systeem te dwaan. Tsjinstanners fan it plan tinke dat der in soad ôffal yllegaal dumpt wurde sil. De FNP fynt dat der in referindum oer holden wurde moat nei in healjier, as de evaluaasje ek is.
Der is ek oerlêst fan folle, omfallende konteners sûnt de nije regeling ynfierd is begjin jannewaris.
Sa sjocht it nije Diftar-systeem derút yn de praktyk