Nei de stimbus: dit is watst witte moatst oer Provinsjale Steaten

© ANP
Fryslân kiest woansdei de 43 Steateleden dy't de kommende fjouwer jier beslute oer hoe't ús provinsje derút sjocht. Mar wat dogge dy Steateleden krekt? Wêr geane se oer? En wêr kinst te stimmen? Dat witst nei it lêzen fan dit artikel.
Alle Friezen fan 18 jier en âlder meie ien kear yn de fjouwer jier stimme op de kandidaten dy't har ferkiesber steld ha. De partijen ferdiele op basis fan dy stimmen de 43 sitten.
Twa wiken nei de ferkiezingen wurde de nije Steateleden ynstallearre. Mar fuort nei de ferkiezingen geane fraksjes al mei-elkoar yn petear om in mearderheid fan minstens 22 sitten te foarmjen en ôfspraken te meitsjen foar de kommende fjouwer jier.
Dy ôfspraken wurde fêstlein yn in koälysje-akkoart. De ôfrûne fjouwer jier bestie de koälysje út CDA, PvdA, VVD en FNP. Dy fraksjes ha mei-elkoar 22 fan de 43 sitten, in minime mearderheid dus.
Sa sitte de fraksjes no yn de Steateseal fan it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
De leden fan Provinsjale Steaten kieze ek it kolleezje fan Deputearre Steaten. De minsken yn dat kolleezje - de deputearren - komme yn de regel fan de koälysjepartijen. It kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân bestiet no út Sietske Poepjes (CDA), Friso Douwstra (CDA), Douwe Hoogland (PvdA), Avine Fokkens (VVD) en Klaas Fokkinga (FNP).
Steatelid wêzen is gjin fulltime baan. De politisy binne dêr sa'n 20 oeren yn 'e wike oan kwyt. Dêrfoar krije se in fergoeding fan 1.895 euro yn 'e moanne. De deputearren binne wol fulltime dwaande mei harren funksje. Dêrom hjit it kolleezje fan Deputearre Steaten ek wol it deistich bestjoer.

Woansdei fergaderdei

De deputearren binne te ferlykjen mei de ministers en steatssekretarissen yn Den Haag, of wethâlders yn gemeenten. Oan it haad stiet de kommissaris fan de Kening. Yn Fryslân is dat sûnt 2017 Arno Brok.
De 43 leden fan Provinsjale Steaten komme ien kear yn de moanne op in woansdei mei syn allen gear foar in plenêre gearkomste yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Dêr beprate se de grutte en wichtichste ûnderwerpen dêr't de provinsje oer giet.
Oare wiken binne der ek gearkomsten op woansdei, dy geane faak oer spesifike ûnderwerpen dêr't spesjalisten fan de partijen har mei dwaande hâlde. Dy kommisjegearkomsten gienen de ôfrûne wiken oer ûnder oare Holwert oan See, Wynpark Fryslân en de Fryske taal.
Yndirekt oefenet de kiezer woansdei ek ynfloed út op de lanlike polityk. De keazen Steateleden kieze op har beurt nammentlik de leden fan de Earste Keamer. En omdat Steateleden logyskerswiis benammen stimme op har partijgenoaten, binne de winners fan woansdei aanst ek de grutste fraksjes yn de Earste Keamer.
Dat binne mar in pear fan de ûnderwerpen dêr't de provinsje oer giet. Yn de Steaten wurdt ek bepaald hoe't Fryslân derút sjen moat. Wêr komme nije hûzen? Wêr moatte eventueel nije wynmûnen of sinneparken komme? Wêr en hoe faak moatte bussen ride? Wêr lizze we nije fytspaden oan?

Stikstof

It tema dat yn dizze kampanje it faakst weromkomt, is stikstof. Te folle stikstof is net goed foar de natuer. En omdat Nederlân in soad stikstof útstjit, wol it kabinet dat ferminderje. En dat is net allinnich in kwestje fan wollen, it moat ek fan de rjochter.
It doel fan it kabinet is om yn 2030 de útstjit flink te ferleegjen. It Ryk freget de provinsjes om it stikstofbelied út te fieren en sa de lanlike doelen te heljen.
© Shutterstock.com (Photos by Tom)
It Fryske provinsjebestjoer kaam dêrom mei de saneamde 'Fryske oanpak', wêrby't útgien wurdt fan 2035 as deadline (yn stee fan 2030). Boppedat wie de bedoeling dat benammen yn de súdeasthoeke de útstjit omleech moast en dat yn de rest fan Fryslân de reduksje beheind bliuwe kinne soe.
Mar stikstofminister Van der Wal liet witte neat te sjen yn de Fryske oanpak. Fryslân hat oant 1 july de tiid krigen om mei in nij plan te kommen. Tagelyk wolle de provinsjes mear dúdlikheid - en jild - fan Den Haag.

Hûzen

De provinsje spilet ek in rol yn de bou fan nije hûzen. Dêrby wurket de provinsje gear mei it Ryk en gemeenten.
Ek wat wenningbou oanbelanget wurde yn Den Haag de doelen fêststeld. Gemeenten meie dêrnei bepale wêr't se bouwe wolle. Dêr heart de provinsje dan wer tafersjoch op te hâlden. Sa kinne se bygelyks foarkomme dat in gemeente allinnich mar filla's bout en gjin each hat foar sosjale wenningbou.

Iepenbier ferfier

Hoefolle bussen ride der, wêr ride se en hoe faak? Ek dêr hat de provinsje wat oer te sizzen. De ôfrûne jierren is it streekferfier yn Fryslân útklaaid, dêr binne sawat alle partijen it wol oer iens. Dat de kwaliteit en kwantiteit fan it iepenbier ferfier ferminderet, is it gefolch fan de oprinnende kosten.
Jongeren wachtsje op de bus yn Moarre © ANP
Dan moat it provinsjebestjoer kieze: ha we dat jild derfoar oer, en hâlde we de berikberheid ek yn lytsere doarpen op peil? Of wolle we dat der allinnich folle bussen ride?
De fraach is dan ek hoe't je minsken werom krije yn it iepenbier ferfier. Want minder oantreklik iepenbier ferfier betsjut fansels dat minder minsken dêr gebrûk fan meitsje. En as dat no ek wer betsjut dat der wer minder bussen ride, dan fersterket dat elkoar.

Thialf en Holwert oan See

Fierder hâldt de provinsje har dwaande mei allegear ferskate projekten, eveneminten en it útjaan fan subsydzjes. Thialf bygelyks: it iisstadion sit al jierren finansjeel yn swier waar en wurdt oerein holden mei jild fan de oerheid. De provinsje is foar twa tredde eigener fan it stadion en stekt alle jierren sawat in heal miljoen yn Thialf.
Om ta in strukturele oplossing te kommen foar Thialf is neffens de provinsje in substansjele finansjele fan it Ryk nedich. Mar salang't dat net gebeurt, moat de provinsje sels ek betinke: hoe fier geane we?
Thialf is in plak foar top- en breedtesport © ANP
Inselde dilemma spilet by Holwert oan See. It doarp oan de Waadseekust wol in trochgong yn de seedyk meitsje en sa in ferbining kreëarje tusken de Waadsee en it achterlân. Wetterskip Fryslân en LTO Noord binne yntusken út it projekt stapt, mar in mearderheid fan Provinsjale Steaten wol der wol mei fierder. Ek hjir jildt dus: tsjin watfoar priis?

Budzjet

It binne mar in pear fan de tema's dêr't de Provinsjale Steaten har mei dwaande hâlde. Fierder kinst tinke oan taalbelied, subsydzjes foar doarpshûzen en kultuer, in lobby foar de Lelyline, wegebelesting en enerzjy. Foar dy plannen is fansels ek jild nedich. Dêrfoar is de provinsje foar in grut part ôfhinklik fan stipe út Den Haag.
Foar 2023 hat de provinsje bygelyks plannen dy't mei-elkoar 482,4 miljoen euro kostje. Hast de helte dêrfan wurdt betelle mei Ryksjild: 226,3 miljoen.

Op wa?

519 minsken ha har ferkiesber steld foar de Provinsjale Steaten. Sy binne ferdield oer santjin partijen. Ast noch net witst op watfoar partij ast stimme wolst, dan soest bygelyks de stimhelp Kieskompas ynfolje kinne. Dêr kinst dyn stânpunten toetse oan de programma's fan de ferskate partijen. De partijen lizze har stânpunten der ek út.
De listlûkers fan alle santjin partijen debattearren ferline wike ek by Omrop Fryslân oer útienrinnende tema's. Yn in online rige ha se harsels boppedat foarsteld en útlein wêr't se foar steane:

Wêr?

Stimme kin yn elk stimburo yn dyn eigen gemeente. Op dyn stimpas stiet hokker stimburo oft it tichtst by dyn thúsadres is. Foar de measten sil dat stimburo ek it meast praktysk wêze, mar wa't ûnderweis nei it wurk, skoalle of bygelyks de boadskippen te stimmen wol, kin ek nei in oar stimburo. As dy mar yn dyn eigen gemeente stiet.
De stimburo's binne hast allegear iepen fan 7.30 oant 21.00 oere.
Sjoch hjir wêr'tst teplak kinst:
Nei't de stimburo's om 21.00 oere slute, begjinne hûnderten frijwilligers yn Fryslân te tellen. Guon gemeenten melde binnen in oere de útslach al, oaren sille pas nachts in foarriedige útslach trochjaan kinne. Meastal is der tongersdeitemoarn in reedlik kompleet byld. De definitive útslach wurdt pas ein takom wike fêststeld.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.