Brânwacht noch wol pear oeren dwaande mei tige grutte brân yn Wolsum

Tige grutte brân yn Wolsum © SRFotografie
Yn in wenpleats oan de Remswerderleane yn Wolsum is tiisdeitemiddei in tige grutte brân útbrutsen. De brân is útslaand. Neffens de brânwacht binne der gjin minsken mear yn it pân.
Om healwei fjouweren hinne krige de brânwacht in melding binnen fan in middelgrutte brân, dat is yntusken opskaald nei in tige grutte brân. Fiif korpsen fan de brânwacht binne nei de buorkerij ta.
Tige grutte bran oan Remswerderleane yn Wolsum
De brânwacht ferwachtet noch wol in pear oeren dwaande te wêzen mei it bestriden fan de brân. Dy is dreech út te krijen fanwege de hurde wyn dy't der stiet. De pleats hat reid op it dak, mei dakpannen der oerhinne, dat makket it ek dreech om it fjoer út te krijen. Der leine ek wat sinnepanielen op it dak.
Der wurdt besjoen oft stikken dêrfan ek yn it lân om de pleats hinne terjochte kaam binne. It achterste part fan de wenpleats is ferlern gien, de brânwacht besiket it foarhûs te behâlden. It dak fan de buorkerij is diels ynstoart, ek is der in NL-alert ferstjoerd.