Dasseboarch makket treinferkear by Koudum-Molkwar moannen ûnmooglik

In das © Shutterstock
Troch in dasseboarch ûnder it spoar by stasjon Koudum-Molkwar is der oant juny gjin treinferkear mooglik tusken Warkum en Starum. Dat seit Harrie Bosma fan de Zoogdierenwerkgroep Fryslân. Hy wie yn it ferline adviseur fan spoarbehearder ProRail.
De dasseboarch bestiet út tsientallen hoalen. It risiko is grut dat it spoar fersakket, om't troch de druk fan in passearjende trein de hoalen samar ynienen ynstoarte kinne. Dassen binne in beskerme bistesoart en kinne net samar oanpakt wurde.
Mooglik oant juny gjin treinferkear tusken Warkum en Starum troch dassen
Neffens Bosma sitte de bisten der al op syn minst acht jier. Hy fynt dat ProRail fierstente let is mei it nimmen fan maatregels. "We hiene ferwachte dat sy al earder yngripe soene. Je meie se fersteure mei in fergunning en dan hie it net safier kommen hoegd."
Probleem is no dat de dassen de kommende moannen net fersteurd wurde meie, omdat dit de perioade is dat se jongen krije. Dat kin noch wol oant juny duorje, seit Bosma. Oant dy tiid moatte reizgers tusken Warkum en Starum mei bussen ferfierd wurde.
Harrie Bosma fan de Zoogdierenwerkgroep Fryslân
Wurdfierder Aldert Baas fan ProRail seit dat se net te let begûn binne mei it oanpakken fan de dassen. "Tot voor kort waren de dassen geen probleem zoals ze nu zijn. De das is in opkomst in Nederland. Zolang de dieren geen probleem vormen, gaan we ze niet verstoren. Het zijn beschermde dieren, dus je mag niet zomaar iets doen. En de maatregelen die je moet nemen zijn best ingewikkeld, voordat ze effect hebben."
Hy seit dat se it dasseprobleem graach earder oplost hiene, mar dat dat net mooglik wie troch oare merkpartijen. "Wij moeten zoiets op de markt brengen in een aanbesteding. Die hebben we dit najaar niet rond gekregen met aannemers. Dan moet je opnieuw op zoek naar uitvoerders."
In warskôgingsboerd by it stasjon fan Koudum-Molkwar © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Als je iets aanbesteedt en je krijgt niet de inschrijvingen die je nodig hebt, dan kun je het werk niet uitvoeren", leit Baas út. "Nu zijn we aangekomen in het seizoen dat ze jongen krijgen, dan mag je niets doen."
Op de fraach oft der gjin bedriuwen beskikber wiene dy't dat op koarte termyn oanpakke woene, antwurdet Baas: "Niet tegen de voorwaarden en de mogelijkheden die wij hebben."
Hy seit dat dit ek in learmomint is foar ProRail wat dassen oanbelanget. "Het is ontzettend vervelend voor reizigers dat dit nu speelt. Tegelijkertijd is het ook het moment om een oplossing te vinden die echt werkt en overal in Nederland toegepast zou kunnen worden."
Wurdfierder Aldert Baas fan ProRail