Systeemsteuring NS ferholpen, treinferkear wurdt wer oppakt

Perronnen op it stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De systeemsteuring dêr't de NS tiisdeitemoarn lêst fan hie, is yntusken ferholpen. ProRail lit witte dat it treinferkear stadichoan wer oppakt wurdt.
De ferwachting wie earder dat de steuring net foar 12.30 oere ferholpen wêze soe. Krekt nei it middeisoere koe it ferfier lykwols alwer opstart wurde.

Ljouwert-Zwolle

De steuring hie grutte gefolgen foar it treinferkear fan en nei Zwolle. Op it trasee fan Ljouwert nei Zwolle rieden tiisdei twa oeren lang gjin treinen. De steuring hie gjin gefolgen foar it regionale treinferfier fan Arriva yn Fryslân en Grinslân.