Stjer foar feilich bûtengebiet Noardeast-Fryslân en Dantumandiel: "No net achteroer hingje"

It sertifikaat, útrikt troch CCV © RTV NOF, Bote Sape Schoorstra
De gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân hawwe moandeitejûn har earste stjer oerlange krigen foar it projekt Veilig Buitengebied, in primeur foar beide gemeenten. Sy binne dêrmei de earsten yn Noard-Nederlân.
Burgemeester Agricola fan Dantumadiel is wiis mei de ster: "It is leuk sa'n stjer, mar no moatte wy net achteroer hingje. Wy moatte hjir mei oan 'e gong."

"Ondermijning is overal"

Sa'n fyftich belangstellenden besochten moandeitejûn it gemeentehûs yn Damwâld. Hjir krigen se in nijsgjirrich programma mei ûnder oare in bydrage fan gastsprekker Mick van Wely, sjoernalist fan de Telegraaf en RTL.
"Onderschatting en naïviteit zijn twee kernwoorden, binnen het containerbegrip ondermijning", seit Van Wely. "Het is gewoon overal, ook in het Noorden. Het zal niet op de schaal zijn als in Brabant en Limburg, maar ook hier zie je wel de groter wordende invloed van de misdaad."
Dêrneist joech de brânwacht in útlis oer it gefaar fan syntetyske drugslabs. Dêrneist stie de nagelnije mobile escape room fan de brânwacht, fol mei 'gefaren' fan in húskeamer ynrjochting, foar it gemeentehûs. Minsken koene dêryn ûnderfine hoe't it is om mei reek yn oanrekking te kommen.
Wês wach op sinjalen, it bart faaks yn it ferburgene.
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân
Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel en Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân krigen de Veilig Buitengebied Ster útrikt út hannen fan Patrick van den Brink, direkteur fan it Centrum voor Criminaliteitspreventie en Veiligheid (CCV).
Mei dizze stjer binne sy de earste gemeenten yn Noard-Nederlân dy't soarch drage foar in feilich bûtengebiet. Beide boargemasters binne it der wol oer iens dat der noch in slach te slaan is. "It is ek foar in grut part yn it ferburgene, dus wy witte it net", seit boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân.
"Wêr't it om giet, is dat wy mei syn allen, de plysje, mar ek boargemasters, amtners, riedsleden, wethâlders, de minsken fan ús bûtentsjinst, wach wêze moatte op sinjalen. Dat moatte wy dêrnei probearje by elkoar te bringen, sadat de ynformaasje dêr komt, dêr't der wat mei dien wurde kin."
Veilig Buitengebied is in ferfolch op de gearkomste Boef zoekt Boer en attendearre de ynwenners, bedriuwen, ynstânsjes, fan benammen bûtengebiet op de gefaren fan kriminaliteit en hoe dit oan te pakken. Dêr binne no ôfspraken oer makke mei ûnder oare gemeenten, plysje, brânwacht, lânbou- en natuerorganisaasjes.