Treinen fan Arriva ride tiisdei wol yn Fryslân en Grinslân, part fan bussen net

In bus fan Arriva © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn Fryslân en Grinslân ride de treinen fan Arriva tiisdei neffens tsjinstregeling. Reizgers moatte neffens it ferfiersbedriuw wol rekken hâlde mei it útfallen fan busritten.
Foar tiisdei 14 en woansdei 15 maart binne op 'e nij stakingen oankundige. Op de earste dei hat dat lykwols gjin gefolgen foar it regionale ferfier yn it Noarden, yn de rest fan it lân is op trajekten dêr't Arriva rydt wol hinder. It is noch net dúdlik wat it effekt fan de stakingen fan woansdei wêze sil.

Busferfier

Yn alle regio's kinne tiisdei bussen útfalle. It ferfiersbedriuw advisearret reizgers om de reisplanner te brûken foar aktuele ynformaasje oer bus- en treinritten. De planner wurdt de hiele dei troch bywurke. De buertbussen ride wol.