Sportcast: Excelsior-trainer Dijkhuizen hat min nijs foar Cambuurfans

Mei de degradaasjekreaker tusken Excelsior en SC Cambuur foar de doar hat Marinus Dijkhuizen yn de Sportcast in min boadskip foar de Ljouwerter fans.
No snein giet Cambuur op besite op Woudestein yn Rotterdam. Excelsior stiet sechtjinde en hat fjouwer punten mear as de ploech fan Sjors Ultee. Dêrom is it duel foar beide klups tige wichtich.
Dochs soene je sizze dat it fertrouwen by Cambuur grutter is. Excelsior helle út de lêste acht duels ien punt en skoarde mar twa kear. "Het is heel lastig momenteel", jout Excelsiortrainer Dijkhuizen ta. Hy wie spiler en trainer by Cambuur en hat noch altyd in waarme bân mei dy klup.
Mar Dijkhuizen wol syn âlde wurkjouwer sear dwaan. "Cambuur komt op een heel mooi moment voor ons. Want als je heel veel verliest, wordt de kans statistisch steeds groter dat je weer een keer wint", laket de man dy't yn syn karriêre 33 kompetysjedoelpunten foar Cambuur makke hat.
Cambuur krijt it dreech om yn de earedivyzje te bliuwen, neffens Pieter Huistra. De Fryske fuotbaltrainer folget de earedivyzje noch altyd op 'e foet. Sels hat er krekt in nije klup. Sûnt in pear wiken is er trainer yn Yndonezië by Borneo FC.
"It is in ambysjeuze klup. Ik bin middenyn it seizoen ynfallen en moast gelyk oan de bak", seit de 56-jierrige Fries dy't berne is yn Goaiïngea. Op dit stuit stiet er fjirde mei syn klup en hopet er, mei noch fiif wedstriden te gean, de heechste klupnotearring ea te heljen. Op dit stuit is dat it sechde plak.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Earder hat Huistra yn de Sportcast oanjûn werom te wollen nei Nederlân. Dat is fan de baan, no't er by Borneo FC foar oardel jier tekene hat. "Ik ha it wol besocht, mar ik fernim dat myn namme yn Nederlân net mear gongber is as earste kar. Dat is spitich, want ik ha it wol by ferskate klups besocht." Hokker klups wol Huistra net sizze.
Dan noch efkes werom nei Dijkhuizen. Want wat is no it minne nijs dat de Excelsiortrainer hat? "Ik ben bang voor jullie dat Marouan Azarkan er gewoon weer bij is. We hebben gelukkig wel weer wat kwaliteit terug", seit Dijkhuizen oer syn topskoarer Azarkan, dy't blessearre wie.