Nij ûnderwiisakkoart fersterket Fryske ekonomy: plannen foar grien lyseum

Undertekenjen fan it ûnderwiisakkoart © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Der moat in grien lyseum komme, in soarchlyseum en agrofoodlyseum dêr't learlingen sa oplaat wurde dat se maklik trochstreame kinne nei it hbo. Dat is ien fan de belangrykste doelstellings fan in ûnderwiisakkoart dat moandei sletten is.
It akkoart is in oerienkomst tusken de hegeskoallen NHL Stenden, Van Hall Larenstein, ûnderwiisynstellings Firda en Aeres yn oparbeidzjen mei de provinsje en de Ryksuniversiteit Grins. It moat derfoar soargje dat it ûnderwiis in 'stevige' partner wurdt by de ûntwikkelings yn de provinsje. Yn de Kânselarij yn Ljouwert hawwe alle partijen dêr moandei in hanteken foar set.

Soarch, agrofood en grien

Erica Schaper, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan hegeskoalle NHL Stenden, sjocht in soad potinsje. "We zetten onderwijslijnen op in thema's waarmee wij ons als regio profileren. De zorg, agrofood en groen. Circulariteit is daarin ook erg belangrijk. Als student weet je dan dat je in die vakgebieden hier een goede opleiding kunt krijgen."

Werbrûke

Se sjocht dat it al fertuten docht. "Circulariteit, dus het opnieuw gebruiken van zaken, is al echt heel groot. Je ziet dat studenten van heinde en verre komen om hier te leren."
Mar it smyt mear op, sa stelt Schaper. Om't de kennis hjir is, komme de bedriuwen ek. Dat smyt foar de studinten wer goede staazjeplakken en ûndersyksopdrachten op.
Alle partijen fan it akkoart © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Siem Johannes Hoekstra studearret oan hegeskoalle Van Hall Larenstein. Hy is entûsjast en sjocht in soad kânsen foar studinten. "Sa kinne we alle ûnderwiislagen bondelje om in moai produkt te meitsjen."
Sels hat er dwaande west mei in bollepystprojekt. Hoekstra: "Ut it mbo kamen ideeën foar produkten. Ut it wittenskiplik ûnderwiis ek, mar dan krekt wer wat oars. Myn laach, de hbo'ers, hat sjoen nei hoe't we dat bondelje kinne om der wat moais fan te meitsjen."
It smyt neffens Hoekstra kreative oplossings op foar problemen. "As it kin, moatst dêr lokaal mei oan de slach."

'Buiten de lijntjes kleuren'

Syn kollega-studint Max Eisenbart fan de Ryksuniversiteit Grins hopet dat it projekt derta liede sil dat dosinten fierder gean as dêr't se no mei dwaande binne.
"Durf meer voor de missie te gaan staan. Het onderwijs kan stappen zetten als je juist buiten die lijntjes kleurt en studenten meer ruimte geeft. Kies daarvoor", is syn oprop.

Duorsumens en soarch

Ezrah Tichelaar is it dêr folslein mei iens. Sy studearret oan ROC Firda yn Ljouwert. Se docht dêr in soarchoplieding, mar hâldt har dwaande mei duorsumens.
"Ik mis nu heel erg dat stuk circulaire economie. Daar wil ik mij heel erg graag verder in ontwikkelen en ook docenten in uitdagen."
Dat útdaagjen is ek foar Siem Johannes Hoekstra belangryk: "Dosinten sitte der somtiden tritich of fjirtich jier. Dan hast dyn eigen normaal. Ast sy útdage wurde, krijst miskien wer in oare oanpak."

Sterkere bân

Erica Schaper hopet dat it akkoart derfoar soargje sil dat de bân mei it midden- en lytsbedriuw sa fersterke wurdt.
"Die clusters zijn heel erg belangrijk. Als we onvoldoende mensen kunnen opleiden, is er onvoldoende goed opgeleid personeel. Daarom is het belangrijk dat mensen zich levenslang kunnen blijven ontwikkelen."