Anne Wind krijt Sulveren Ljip foar earste ljipaai fan Fryslân: "In dream dy't útkomt"

Anne Wind © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Anne Wind (32) fan Penjum hat de Sulveren Ljip fan kommissaris Brok krigen op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Hy fûn sneintemiddei in twake yn in stik greide yn de omkriten fan Skarsterbrêge en wie dêrmei de finer fan it earste aai fan Fryslân.
"Dit is echt in dream dy't útkomt", seit Wind, wylst hy de Sulveren Ljip yn 'e hân hâldt. "Doe't ik in lyts jonkje wie, gong ik al mei ús heit op 'en paad de greide yn. Je dreame der dan oer dat je de earste fine, mar dat it ea sa wêze soe, is fantastysk."
Anne Wind krijt Sulveren Ljip fan de provinsje
Wind hâldt efkes op fan praten om te laitsjen foar in groepsfoto. Hy stiet tusken syn âlden yn. "Ik wie yn Skarsterbrêge, want ik hie al in pear kear in ljip fleanen sjoen. Ik tocht dat der wolris in aai lizze koe. Doe't ik de greide yn rûn, wie ik fuortendaliks oertsjûge dat der in aai wêze soe. As je dat dan fine, dan giet der safolle troch je hinne. It is net te beskriuwen."
De útrikking fan de Sulveren Ljip bart al mear as in iuw yn Fryslân. De provinsje wol omtinken oan de ljip jaan. "De ljip heart hast by ús identiteit", seit kommissaris fan de Kening Arno Brok. "It is wichtich omtinken foar de fûgel te hâlden."
Anne Wind (midden) fûn it earste ljipaai fan Fryslân © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Nei't it earste aai yn in gemeente fûn is, giet dy gemeente op slot foar oare finers. Der mei net mear socht wurde, om sa de fûgel rêst te jaan. "Wy sette stokjes by de nêsten en sa bringe wy safolle as mooglik alles yn kaart", seit Wind. "Sa kinne wy de stân fan de fûgels helpe."
Anne Wind en boargemaster Veenstra fan De Fryske Marren © De Fryske Marren
Wind hat op it provinsjehûs ek de oarkonde foar it finen fan it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren krigen fan boargemaster Fred Veenstra. Om't Wind in twake fûn, wie it ek fuortendaliks de earste fan De Fryske Marren. Wind krige ek noch syn fertsjinne finerslean.
Mei Anne Wind it fjild yn