Anne Wind fynt yn SWF wer earste ljipaai, fjild Skylge en Noardeast-Fryslân ek ticht

Anne Wind fynt ek it earste ljipaai fan de gemeente Súdwest-Fryslân © BFVW
Anne Wind út Penjum hat opnij in earste ljipaai fûn, en wol dat fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Snein fûn Wind al it earste provinsjale ljipaai en dat wie tagelyk ek it earste fan gemeente De Fryske Marren, om't it om in twake gie.
Wind ûntduts it aai moandei yn syn eigen neisoarchgebiet tusken Kimswert en Surch. Troch de fynst is it frije fjild yn Súdwest-Fryslân no sletten.
Kor Hamersma fynt it earste ljipaai fan Noardeast-Fryslân © BFVW
Yn de neimiddei fan moandei melde Kor Hamersma de fynst fan it earste ljipaai yn de gemeente Noardeast-Fryslân. It wie tritich jier lyn dat dy eare him foar it lêst takaam.
Mei Hamersma syn fynst is it frije fjild fan Noardeast-Fryslân sletten.
Steven Klijn fynt foar de fjirde kear op rige it earste ljipaai fan Skylge © BFVW
Earder op de dei waard it earste ljipaai fan Skylge fûn. Steven Klijn seach it aai lizzen yn de Stryper polder. It is foar it fjirde jier op rige dat Klijn it earste ljipaai fan Skylge fynt.
Klijn hat mei-inoar alve kear it earste ljipaai fan it eilân fûn. Mei syn fynst fan no is it frije fjild yn de gemeente Skylge sletten.

Earste ljipaai fan Fryslân

Snein waard yn 'e omkriten fan Skarsterbrêge it earste ljipaai fan Fryslân fûn troch Anne Wind fan Penjum. It gie om in twake. Wind krige moandei op it Provinsjehûs yn Ljouwert de Sulveren Ljip út hannen fan kommissaris Brok.
It earste ljipaai fan Nederlân lei dit kear opnij net yn Fryslân. It waard sneon fûn in it Staphorsterveld, flakby Hasselt yn Oerisel.
In oersjoch fan de earste ljipaaien fan 2023 © BFVW