Omrop Fryslân trije kear nominearre foar Regiohelden

Twa kibboetsbewenners © Fries Film & Audio Archief
Trije programma's fan Omrop Fryslân binne nominearre foar de jierlikse Regiohelden. Dat binne lanlike prizen foar de bêste regionale produksjes.
De Fryske kânshawwers binne de trijedielige Fryslân DOK-rige Kibboets op de klaai, de seisdielige rige Gaming yn Fryslân en jong talint Sven Nagel dy't wurket foar skoaltelefyzje Tsjil. Hy is nominearre yn de kategory nijkommer en makket ûnder oare bydrages foar Tiktok en YouTube.
"Ik had niet verwacht dat mijn naam ingestuurd zou worden, laat staan dat ik zou worden genomineerd", seit Nagel. Hy tinkt dat it komt troch syn fernijende ideeën. Ien fan dy ideeën wie om yn te spyljen op reaksjes op in populêre Tiktok dy't hy makke hie.
Bern koene reagearje yn hokker doarp of plak sy wennen en de presintatoaren gienen dêr dan hinne. "Dan voelen kinderen zich meer verbonden, als de presentatoren in het echt hun gezicht laten zien."
Sven Nagel © Omrop Fryslân
Sven Nagel

Oare nominaasjes

'Kibboets op de klaai' giet oer in Joadske kibboets yn Frjentsjer. Fan 1934 oant 1941 learden jonge minsken dêr wat se witte moasten as se boer wurde soene yn Palestina. Filmbylden dûkten op by it Fries Film & Audio Archief. Programmamakker Gerard van der Veer en kameraman Gerko Jonker folgen Syds Wiersma fan it FFAA ûnder oare nei Israel op syk nei âld-kibboetsbewenners.
'Gaming yn Fryslân' is makke troch fan Lars Hoekstra. De gaming-yndustry wint fluch oan betsjutting. Wat foar in soad lju noch in mysterieuze wrâld liket, is foar oaren in tige serieuze beuzichheid. Foar Omrop Fryslân portrettearre hy seis Fryske gamers.
Wa't de Regiohelden wûn hawwe, wurdt op 20 april bekendmakke.