Koarte stroomsteuring: seistûzen húshâldings sûnder elektrisiteit

De doarpen Menaam, Dronryp en in soad doarpen dêr yn yn de omkriten sieten moandei om de middeisoere hinne koarte tiid sûnder elektrisiteit.
Seistûzen húshâldens wiene troffen. It gie om de doarpen Baaium, Baard, Bitgum, Bitgummole, Blessum, Boksum, Deinum, Hilaard, Húns en Leons, Marsum, Peins en Sweins, Skingen en Slappeterp, Winsum en Wjelsryp en in part fan Ljouwert. Troch de steuring wie Radio Eenhoorn ek út de loft.
Netbehearder stjoerde in monteur en efkes letter kaam de melding dat de steuring al wer oplost wie.