Befeiligers yn Langwar

Yn Langwar binne moandei ekstra maatregels naam om in grutte groep jongerein dy't fan de Snits komt op te fangen. Alle jierren komme der yn de Snitswike jongeren nei Langwar om dêr feest te fieren, bekend as Swarte Moandei.
Fanwege de ûnrêst dy't dêr somtiden ûntstiet, binne no ûnder oare ekstra befeiligers nei it doarp helle. Mar dat is net it iennige. Om de drokte op te fangen wurdt de Durk Bokmapôle tydlik as havengebiet ynrjochte.