Stimmal en soundbox helpe minsken dy't net goed sjen kinne by it stimmen

In stimmal mei soundbox © ANP
Op it stimburo yn it gemeentehûs yn Smellingerlân stiet dit jier foar it earst in 'stimmal', dêrmei kinne blinen en minsken dy't min sjogge selsstannich stimme. Sietske de Vries út Drachten kin net goed sjen en se hat har hjir jierren hurd foar makke.
"By in stimmal komt der in mal, eins in houten plaat, oer it stimbiljet te lizzen en der sitte gatsjes yn by de nammen dy'tst mei it reade potlead yn kleurje kinst", leit Sietske de Vries út.
"Der sit ek in soundbox by mei koptelefoan dy't de kandidaten en de byhearrende nûmers opneamt. Yn braille kinst dan it nûmer fine en it hokje ynkleurje. Mar ik lês gjin braille, dus yn it foar sykje ik thús út hokker partij ik op stimme wol en tel ik hokker hokje dêrby heart."
Woansdei binne 97 prosint fan de stimburo's tagonklik foar minsken mei in lichaamlike beheining, dat docht bliken út sifers fan de NOS en de regionale omroppen. Yn Fryslân is dat dit jier 99,3 prosint. Dy sifers jilde foar tagonklikens foar rolstoelbrûkers. Foar minsken mei in oare soart beheining as blinens of dôvens, is stimme noch faak dreech. Der moat ferplichte in lêslûp wêze, mar dat is foar de measten net genôch.
Earder holp har man by it stimmen, mar hy is trije jier ferlyn stoarn. Dêrnei frege se oft ien fan it stimburo har helpe koe. "Dy persoan kin yn teory fan alles ynfolje dat ik net sjoch en dêr't ik it net mei iens bin."
Se is der wiis mei dat it no lang om let regele is. "It is hiel wichtich, om selsstannich te bliuwen."
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.