Brân yn flat op It Hearrenfean

Flat op It Hearrenfean ûntromme nei brân © CAMJO Media
Op de tsiende ferdjipping fan in flat oan de Buizerd op It Hearrenfean is sneintejûn brân útbrutsen.
De brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean en Tsjalbert kamen yn aksje foar de brân yn ien fan de flatwenningen. Se koene tefoaren komme dat it fjoer oersloech nei neistlizzende wenningen. Ut foarsoarch waarden dy wol ûntromme.
Letter koenen bewenners wer nei har hûs. De bewenners fan de wenning dêr't de brân wie, koenen noch net werom nei hûs fanwegen reek- en wetterskea. De oarsaak fan de brân wurdt ûndersocht.