Nije Fryske munt foar frijheid en echtheid: sulveren Friling

Friling © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De nije Fryske munt, de Friling, hat as doel om de lokale ekonomy te fersterkjen en ús ûnôfhinklik te meitsjen fan de finansjele wrâld mei al syn krisissen.
Snein waard de Friling presintearre yn it gebou mei de koepel yn Ljouwert dêr't earder de Friesland Bank yn siet. De munt mei in deikoers fan 21 euro is populêr. Der binne al hast 6.000 fan ferkocht. En op de presintaasje kamen mear as trijehûndert man ôf. It is in inisjatyf fan de koöperative organisaasje Frij Fryslân.
Sulveren Friling mei in soad symbolyk © Frij Fryslân
"Wy tinke dat it belangryk is dat wy wer werom gean nei autentisiteit. In sulveren munt hat foar de Friezen altyd al wichtich west", seit Pi Veenstra fan Frij Fryslân. "Mar ek yn dizze tiid fan ûndúdlikheid yn it bankwêzen, tinke wy dat in echte wearde belangryk is. Dêrneist is de Friling ek in statement foar frijheid en echtheid."
Yn de rige foar in bestelling fan de nije Fryske munt © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Feroaring giet yn lytse stapkes, want in grutte faktor sil de Friling earst noch net wêze yn de finansjele wrâld. "Wy sitte yn in transysje op de hiele wrâld nei in oar type mienskip as dat wy wend binne", leit Veenstra út. "In maatskippij wêryn't de saken minsklik en echt binne en net syntetysk of ûnsichtber en sa."
Op de Friling stean in soad symboalen foar frijheid en skiednis: in earrebarre, in lânkaart fan it âlde Fryslân, kij, in skûtsje en de Fryske flagge mei pompeblêden. It wurd friling sels is Aldfrysk foar frij man of minsk.
Presintaasje fan de Friling