Fryslân hat 14 stimburo’s minder as yn 2019, mar se binne wol better tagonklik

Argyffoto fan in stimburo yn Sint Anne © ANP
Fan alle 458 stimburo's foar de Steateferkiezingen fan kommende woansdei binne der mar trije net tagonklik foar minsken yn in rolstoel. Dat betsjut dat 99,3 prosint wol tagonklik is. Dat wie fjouwer jier lyn noch 94,1 prosint.
Dat docht bliken út in analyze fan de NOS en Omrop Fryslân.
Mei in tagonklikheid fan 99,3 prosint stiet Fryslân yn de lanlike top. Ek Grinslân en Drinte skoare heger as 99 prosint. Flevolân is de iennige provinsje dy't folslein rolstoeltagonklik is.
Fryslân giet wol fan yn totaal 472 stimburo's nei 458. De grutste delgong yn it tal stimburo's is yn Súdwest-Fryslân: dêr binne der tolve minder. Dat komt bygelyks omdat der fiif ferdwine yn Snits en trije yn Boalsert. Mar ek Boazum is syn iennige stimburo kwytrekke.

Tal stimburo's de gemeente

Gemeente 2019 2023
Achtkarspelen 16 16
Amelân 4 4
Dantumadiel 12 12
De Fryske Marren 45 45
Eaststellingwerf 21 18
Flylân 1 1
Harns 11 12
Hearrenfean 30 29
Ljouwert 71 70
Noardeast-Fryslân 44 44
Opsterlân 17 19
Skiermûntseach 1 1
Skylge 4 4
Smellingerlân 32 30
Súdwest-Fryslân 76 64
Tytsjerksteradiel 25 22
Waadhoeke 39 39
Weststellingwerf 23 25
Mar de tagonklikheid fan stimburo's is dus wol better wurden. Fan de 472 stimburo's by de Steateferkiezingen fan fjouwer jier lyn wienen der noch 28 net tagonklik foar minsken yn in rolstoel. Dat binne der no noch mar trije.
De trije stimburo's dy't kommende woansdei net tagonklik binne foar minsken yn in rolstoel, steane allegear yn de gemeente Waadhoeke. Dy steane yn Bitgum, Dronryp en Sint Jabik.

Foaral minder yn gebieten mei legere WOZ-wearde

Lanlik is te sjen dat rikere plakken en wiken minder faak stimburo's ferlieze. Dat is op te meitsjen troch foar elts stimburo te sjen oft dat yn in gebiet leit wêr't de trochsneed WOZ-wearde ûnder of boppe de trochsneed WOZ-wearde yn de provinsje leit.
Troch hiel Nederlân sakket it tal stimburo's yn gebieten mei in boppegemiddelde WOZ-wearde mei 1,8 prosint. Yn gebieten mei in ûndergemiddelde WOZ-wearde is dy delgong grutter, nammentlik 7 prosint.
Yn Fryslân is dat ferskil ek te sjen, mar wol minder grut. Yn rikere plakken en wiken binne der 2,8 prosint minder stimburo's. Op plakken dêr't de WOZ-wearde leger as gemiddeld is, binne it der 4,0 prosint minder.
Dizze analyze is makke op basis fan data dy't sammele binne troch de Open State Foundation. As op ien lokaasje meardere stimlokalen steane, is dat rekkene as ien stimburo.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.