Cambuur kin goed begjin gjin ferfolch jaan en ferliest fan PSV

Cambuurspilers teloarsteld © Orange Pictures
Cambuur hat sneintemiddei gjin ferfolch jaan kind oan de eardere stunt tsjin PSV. Nei in 3-0 oerwinning yn 'e thúswedstriid waard it yn Eindhoven 5-2 foar de thúsploech.
By it duel yn Eindhoven wiene gjin supporters fan Cambuur oanwêzich. De plysje Noard-Nederlân wol Cambuurfans foarearst net mear begeliede nei útwedstriden. Boargemaster Dijsselbloem fan Eindhoven woe dêrom gjin útsupporters by de wedstriid ha.
Demonstraasje Cambuurfans © Maarten van Tuinen
In groep supporters út Ljouwert wie dochs ôfreizge nei Eindhoven om tsjin dy beslissing te demonstrearjen. Mei in grut spandoek, dêr't op te lêzen wie "Voetbalsupporters zijn geen criminelen" makken sy har stânpunt dúdlik.

Balk yn 'e basis

Cambuur begûn it duel tsjin PSV mei oanfaller Remco Balk yn 'e basis om't Michael Breij net fit genôch wie. Oanfierder Alex Bangura krige ek in basisplak fan trainer Sjors Ultee nei't hy ferline wike op 'e bank begjinne moast.
Opstelling: Ruiter; Schmidt, Smand, Bergsma, Bangura; Paulissen, Van Kaam, Foor; Balk, Johnsen, Mahi.
Cambuur besocht yn de earste minuten fan it duel oan te fallen, mar mear as in pear lytse kânskes smiet dat net op. De earste grutte kâns fan de wedstriid wie dan ek foar PSV. Nei in prima kombinaasje koe Joey Veerman fan tichtby úthelje, mar keeper Robbin Ruiter bokste de bal fuort.

Flaterfestival

Nei tweintich minuten, dêr't PSV de bettere yn wie, kaam Cambuur der ynienen gefaarlik út. Van Aanholt gie de fout yn en oanfaller Remco Balk koe profitearje. Syn skot wie te machtich foar keeper Drommel en sa stiene de Ljouwerters ferrassend op foarsprong.
De thúsploech wie it efkes kwyt, want noch gjin twa minuten letter seach ek PSV-ferdigener Branthwaite der net goed út. Balk krige dêrtroch syn twadde grutte kâns, mar Drommel koe no wol it doelpunt foarkomme.
In minút letter makke ek Cambuurspiler Mitchel Paulissen in ferskriklike flater. Hy levere samar yn by Xavi Simons, dy't trochrinne koe, Ruiter omspile en der 1-1 fan makke.

VAR grypt yn

PSV besocht dêrnei troch te drukken, en makke in pear minuten foar it skoft de 2-1. Alteast, dêr like it op doe't de bal nei in klutssituaasje achter keeper Ruiter bedarre. Nei in yngreep fan de VAR, dy't ferskate minuten duorre, gie it doelpunt úteinlik net troch fanwegen hinderlik bûtenspul fan Sangaré.
Hoewol't PSV it bettere fan it spul hie, wie de grutste kâns foar it skoft noch foar Cambuur. Rjochtsbûten Balk sette linksbûten Mahi frij foar de keeper, mar dy skeat de bal fiersten te wyld oer.

PSV rint fuort

Yn de earste minuten nei it skoft hie Cambuur neat yn te bringen. PSV gie fol op syk nei de foarsprong en sette de Ljouwerters ûnder druk. Nei tsien minuten mocht Patrick van Aanholt samar úthelje oan de râne fan de sechtjin meter. Keeper Ruiter seach it skot te let en koe de 2-1 net mear foarkomme.
Cambuur wie it efkes kwyt en in minút letter wie it ek 3-1. Ynfaller El Ghazi koe de bal binnensjitte nei't de Ljouwerters der bysûnder gaoatysk útseagen yn 'e ferdigening.

Spul giet op en del

De Ljouwerters moasten no wol. Op it momint dat trainer Sjors Ultee trije wiksels klear stean hie, krige syn ploech in hoekskop. Bjorn Johnsen kopte tsjin Sangaré oan, en dêrtroch gie de bal deryn.
Leon Bergsma baalt © Orange Pictures
Ultee wiksele trije kear, mar noch foar't dat effekt opsmite koe, feroarsake ferdigener Leon Bergsma in strafskop mei in domme handsbal. Oanfaller Silva pakte dat kadootsje út en sette de 4-2 op it skoareboerd.
Cambuur fuotballe dêrnei aardich mei, mar krige gjin grutte kânsen mear. Oan de oare kant fan it fjild koe keeper Ruiter him in pear kear sjen litte mei in prima rêding. Yn de slotfaze makke El Ghazi der noch 5-2 fan.
Troch de nederlaach bliuwe de Ljouwerters ûnderoan stean yn 'e earedivyzje. Der komme no twa krúsjale wedstriden oan foar Cambuur. Earst it útduel tsjin Excelsior yn Rotterdam, dêrnei thús tsjin FC Emmen.