Earste ljipaai fan Fryslân fûn by Skarsterbrêge troch Anne Wind

Earste ljipaai © BFVW
Anne Wind fan Penjum hat snein yn 'e omkriten fan Skarsterbrêge it earste ljipaai fan Fryslân fûn. It BFVW (Bond Friese Vogelwachten) hat de fynst fan it aai goedkard. It gie om in twake.
De 32-jierrige Wind hie dizze wike al wat 'hijkes' sjoen dy't 'oer de wjuk giene' sa seit hy tsjin de BFVW. Hoewol't hy snein al derop út west hie, en neat fûn hie, woe hy it dochs nochris besykje.
Twake © BFVW
"It swit bruts my út", seit Wind oer it momint dat hy it twake fûn. Moandei om 12 oere wurdt hy huldige op it provinsjehûs troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Ferline jier

Ferline jier hie Wietse Jan Dijkstra fan Sint Anne it earste ljipaai op 14 maart fûn yn in greide by de Warkumerwaard. Yn 2021 waard it earste ljipaai fan Fryslân op 6 maart fûn by de buorskip Spriens, ûnder Raard. De 39-jierrige Simon Spriensma fan Dokkum wie de fynder fan dat aai.
Yn 2019 waard it earste ljipaai wol hiel betiid fûn: op 28 febrewaris al. Eduard van der Hoek trof it earste aai doe oan yn Vegelinsoard: nea earder waard in ljipaai sa betiid yn it jier fûn.
It earste ljipaai fan Nederlân is dit jier op 11 maart fûn troch Klaas Binnendijk yn Hasselt (Oerisel). It earste aai fan Nederlân is yn de ôfrûne tsien jier mar twa kear yn Fryslân fûn: yn 2012 yn Aldehaske en yn 2019 yn Vegelinsoard.