Wetterskipslistlûkers yn debat: gjin echte brekpunten, pleit foar brede koälysje

De listlûkers: Bert Vollema (FNP), Henk Mulder (PvdA), Sjoerd Galema (CDA) en foar: Ids de Groot (VVD) en Monique Plantinga (Water Natuurlijk) © Omrop Fryslân
Der binne gjin echte brekpunten by de fiif fan de alve partijen dy't meidiene oan it debat oer de wetterskipsferkiezingen yn it radioprogramma Buro de Vries. It grutste striidpunt bliuwt it wetterpeil.
Hoe heger it wetterpeil, hoe dreger it wurdt foar boeren om te buorkjen. Mar tagelyk is in heech peil goed foar de natuer, en yn it feangreidegebiet is in heech peil needsaaklik om it fean wiet te hâlden en skea oan gebouwen te beheinen.
Water Natuurlijk wol sa'n heech peil, wylst in partij as it CDA dêr folle skrutener yn is. Dochs is Monique Plantinga as listlûker fan Water Natuurlijk fan betinken dat dit gjin brekpunt hoecht te wêzen. "Wij vinden elkaar hierin wel", sei sy doe't se oer dit punt diskussearre mei Bert Vollema, listlûker fan de FNP.

Brêde koälysje

It wetterskipsdebat waard ôfsletten mei de fraach mei wa't de partijen wol yn in koälysje wolle. Henk Mulder fan de PvdA wie dêr it meast konkreet oer: "Wij hebben de afgelopen jaren goed samengewerkt mei Water Natuurlijk en FNP, die samenwerking zouden wij graag willen doorzetten. Waarmee we de andere partijen niet uitsluiten."
Alle partijen pleitsje foar in 'brede koälysje' wêrby't de doar eins foar eltsenien iepen bliuwt. Water Natuurlijk joech wol oan dat de Partij voor de Dieren fier fan har ôf stiet en ek de VVD tinkt dat in koälysje mei de PvdD net foar de hân leit.

Stellingen yn it debat

De oare seis partijen dy't net by it debat wiene, kamen oan bar yn trije reportaazjes fan Buro de Vries. Wat alle alve partijen krekt wolle, kinst op dit plak fine.
It folsleine debat is fan sneintemiddei ôf werom te harkjen as podcast fan Buro De Vries. Yn it wetterskipsdebat waarden Water Natuurlijk, Partij van de Arbeid, VVD, CDA en FNP in oantal stellingen foarlein:
Swimme by Goaiïngaryp © ANP
Stelling 1: It Fryske wetter moat skjin genôch wêze om yn te swimmen
Plantinga (Water Natuurlijk) is grut foarstanner fan skjin wetter, net allinnich foar de minske, mar ek foar planten en bisten. "Er is wel wat te doen in Fryslân", seit se, want it wetter is noch lang net oeral skjin genôch.
It heljen fan de doelen yn de Kaderrichtlijn Water (de Europeeske regels dêr't wy yn 2027 oan foldwaan moatte) wurdt noch in poepetoer. "We roepen een volgende crisis op ons af. Maar een goede waterkwaliteit is geen luxe, maar een noodzaak."
Galema (CDA) en Vollema (FNP) fine oeral goed swimwetter in moaie doelstelling, mar fine mear dat fersmoarging oanpakt wurde moat. Bygelyks by de rekreaasje op it wetter.
Mulder (PvdA) en De Groot (VVD) binne net perfoarst foar ekstra ynvestearringen. Mulder wol oan de Kaderrichtlijn foldwaan, mar fynt de swimkwaliteit al goed genôch op in soad plakken. "Extra investeren gaat te ver", sa fynt hy. "We moeten wel ergens keuzes maken." De Groot tinkt dat it de boarger tefolle kostet. Oeral mar swimme kinne is ek net wat de Europeeske regels freegje, seit hy.
In wettersuvering © ANP
Stelling 2: It suverjen fan wetter moat betelle wurde neffens it gebrûk
Mulder (PvdA) soe it in goed plan fine, want minsken moatte bewust wurde fan hoefolle drinkwetter sy brûke. Ek moatte minsken gjin medisynresten trochspiele, mar ynleverje by spesjale punten. Plantinga (Water Natuurlijk) is ek fan betinken dat de fersmoarger betelje moat en dat de kosten leech hâlden wurde moatte troch it by de boarne oan te pakken. Sy wol ynsette op bewustwurding mei bygelyks in kampanje.
Vollema (FNP) sjocht dêr neat yn. Mear wettergebrûk betsjut net perfoarst mear fersmoarging, seit hy. En minsken kinne der ek neat oan dwaan as sy folle medisinen brûke moatte, Vollema fynt it 'net solidêr' as dêr dan mear foar betelle wurde moat, al is fersmoarging wat oars as it wetterferbrûk. Hy wol it net ôftwinge mei mear heffingen.
Galema (CDA) pleitet ek foar in oanpak oan de boarne, mar wol net dat it mear burokrasy opsmyt. De Groot (VVD) hopet foaral op de krêft fan ynnovaasje en wol dat Wetterskip Fryslân mear gearwurket mei suveringsbedriuwen.
In gearkomste fan Wetterskip Fryslân © Ben de Jager, RTV NOF
Stelling 3: Wy moatte de fêste sitten yn it wetterskip skrasse
Plantinga (Water Natuurlijk) en Mulder (PvdA) binne it meast tsjin de fêste sitten yn it wetterskip. Plantinga fynt dat it proses demokratysker kin en dat de belangen ek goed mei de ferkiezingen behertige wurde kinne. "Door het bestaan van geborgde zetels ontstaan bestuurlijke wangedrochten". Mulder (PvdA) fynt it benammen net mear fan dizze tiid en net transparant. "Ik word er wel op straat over aangesproken, je kunt eigenlijk niet uitleggen dat dit nog bestaat."
De VVD en FNP binne der net op tsjin. De ferdieling docht rjocht oan it opspyljen binnen it wetterskip, fynt Vollema. De Groot fan de VVD fynt dat der wolris te negatyf praat wurdt oer de fêste sitten. "It binne ek minsken mei in goede oplieding, mei mear ferstân as allinne fan har polderke."
Galema fan it CDA is noch it meast foar de fêste sitten. "Dy binne der net foar neat", seit hy. Boeren, bedriuwen en natuerorganisaasjes binne ek de trije sektoaren dy't it meast bydrage oan de begrutting, dus dy moatte ek yn it bestjoer, sa fynt hy.
Kij yn it lân © ANP
Stelling 4: Biologysk buorkjende boeren betelje minder wetterskipsbelesting
De Groot (VVD) fynt fan net, want sa'n maatregel soe twaspjalt ûnder boeren opsmite. "Wy hawwe allegearre belang by in goed funksjonearjend wettersysteem", seit hy. Dat jildt ek foar boeren. In koarting foar de ien betsjut dat de oar wer mear betelje moat, seit De Groot. "Dat is net earlik. It kin it ferskil tusken winst of ferlies betsjutte."
Plantinga (Water Natuurlijk) is just grut foarstanner. "We hebben een flinke ambitie op natuurinclusieve landbouw", seit sy. As boeren in heger wetterpeil brûke of bygelyks wiet fûgeltsjelân oanlizze, skeelt dat. Soks moatte je stimulearje, fynt sy, en dat kin mei legere lesten.
Mulder (PvdA) is it mei Plantinga iens, mar jout wol oan dat de útfiering dreech wêze kin, om't der tal fan foarmen fan lânbou besteane.
Galema (CDA) is bot tsjin sa'n maatregel, hy wol just dat fersmoargjende bedriuwen en boatsjeminsken mear betelje om de finansjele opjeften te beteljen. Vollema (FNP) fynt dat jild better nei ynnovaasje kin en dat de folsleine útstjit fan de lânbou beheind wurde moat, oft it no biologysk of gongber is.
Yn in transysjeperioade nei in duorsumer wize fan lânbou soe in koarting eventueel in opsje wêze, mar úteinlik is in lyk spulfjild better, sa fynt Vollema.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.