Sylster Marit Bouwmeester giet fol selsfertrouwen nei EK: "Ik bin op myn âlde nivo"

Marit Bouwmeester © ANP
Marit Bouwmeester fan Warten wol nei de berte fan har berntsje wer op topnivo prestearje en hat har eagen rjochte op de Olympyske Spelen fan takom jier. Foar har is it EK silen yn Italië op 12 maart de earste stap yn dy rjochting.
Ferline jier maaie is Bouwmeester befallen fan in dochter. Se fûn it wichtich om fit te bliuwen doe't se yn ferwachting wie, om sa gau wer op nivo komme te kinnen.
"Ik hie noch twa dreamen yn myn libben", fertelt Bouwmeester. "Ik woe noch ien kear meidwaan oan de Olympyske Spelen en ik woe noch graach mem wurde. Doe't ik der achterkaam dat ik sa gau nei de Olympyske Spelen yn Tokio yn ferwachting wie, besleat ik om dy twa dreamen te kombinearjen."
Se hie dy perioade sa ynrjochte dat se sa gau mooglik weromkeare koe nei de topsport. Bouwmeester: "Ik ha yn de swangerskip trochtraind. Gelokkich hie ik in soad help fan eksperts, wêrtroch't dat proses hiel goed ferrûn."
Marit Bouwmeester by de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio © Orange Pictures
As Bouwmeester de fraach krijt oft se no wer werom is op har âlde nivo, seit se daliks ja. "Ik leverje goede wearden ôf op fysyk mêd en ik fernim dat de trainingen op it wetter ek goed gean."
Dochs wie it bêst swier foar har doe't se krekt wer begûn mei silen nei de befalling. "Op guon dagen hie ik der wol muoite mei as der in soad wyn stie. Dat wie fysyk bot belêstend. Dan komt it hiel bot oan op myn búkspieren, mar dy hawwe doe't ik yn ferwachting wie fierstente folle ferduorre krigen. Ik fernaam dat ik dêryn noch net sa sterk wie, mar gelokkich binne dy yntusken wer supersterk."
De sylster wol har graach noch in kear sjen litte op de Olympyske Spelen. Dit EK is dan ek in hiel belangryk toernoai foar har. "Dit EK en de World Cup telle as kwalifikaasje foar wa't it Olympysk testevent sile mei."
Wa't nei dit testevent meie en úteinlik nei de Olympyske Spelen gean, is by it silen krekt wat oars as by oare sporten. "Der mei maksimaal mar ien út Nederlân nei beide wedstriden ta, dus ik moat prestearje op dit EK", fertelt Bouwmeester.
Je moatte altyd fan je eigen krêften útgean. Dat is it iennige wat je dwaan kinne.
Marit Bouwmeester oer har kânsen op it EK
It sil in dreech EK wurde, fertelt Bouwmeester. "Andora stiet derom bekend dat der in hiel soad of gjin wyn stiet. Troch de omstannichheden wurdt it útdaagjend, mar dêr hawwe alle dielnimmers fansels lêst fan. De sylster dy't dêr it bêste mei omgean kin, sil winne."
Marit Bouwmeester en har broer, Roelof Bouwmeester, by de Olympyske Spelen fan Tokio 2020 © Orange Pictures
Bouwmeester hopet fansels te winnen en dus skat se har kânsen heech yn. "Je moatte altyd fan je eigen krêften útgean. Dat is it iennige wat je dwaan kinne. Ik bin wer op myn âlde nivo, dus ik ha der in hiel soad sin oan", seit Bouwmeester.
Boppedat fynt se dat se in foarsprong op de rest hat. "Ik kin bouwe op al dy jierren ûnderfining dy't ik ha. Hjirtroch kin ik der it maksimale úthelje op dit EK", seit se fol selsfertrouwen.
Njonken Marit Bouwmeester dogge ek noch Willem Wiersema en Mirthe Akkerman mei oan it EK silen yn Italië. Marissa IJben soe ek meidwaan, mar hat har ôfmeld fanwege in blessuere. Fan snein 12 oant en mei freed 17 maart steane der twa races deis op de aginda. De earste race op snein yn de kategory fan de froulju waard ôflast om't er te min wyn stie.
Tsjintwurdich hat se in oare coach. Earst wie dat har broer Roelof Bouwmeester, mar dy hat ek in bern krigen. Trochdat se beiden in bern hiene, bliek it tige dreech om tegearre traine te kinnen.
Dêrom is Marit oerstapt nei har hjoeddeiske coach Jaap Zielhuis en dy gearwurking foldocht har tige goed. "Syn passy leit by it coachen en hy regelet alle rânesaken, wêrtroch't ik my fokusje kin op it silen. Hy set my echt yn myn krêft."