Schulting grutsk op har goud, mar ek skjin oan ein: "Ik voel niet zo heel veel geluk"

Suzanne Schulting nei de foar har teloarstellende 1.000 meter op it WK yn Seoul © Orange Pictures
De emoasjes fleagen by Suzanne Schulting troch it lichem op it WK shorttrack. Sy is grutsk en bliid, mar ek wurch en op. "Mijn lichaam wil gewoon niet meer. Mijn lichaam is gewoon volledig out. Leeg."
As it WK der op sit, ploft Schulting del op in stoel yn de digitale mixed sône yn Seoul. In pear sjoernalisten 'skowe oan' fia in fideoferbining. Krekt dêrfoar hat se de huldigingen hân en no komme de fragen fan guon Nederlânske sjoernalisten. Is se wol bliid? Wêr komme al dy emoasjes wei? Is se op? Hat se in burn-out?
"Nou, of ik een burn-out heb, dat vind ik wel meteen heel vergezocht. Het is nu te vroeg om conclusies te trekken." Dúdlik is wol dat se op is. Wurch. Oan ein.

WK yn in roes

Schulting wûn sneon earst goud op de 1.500 meter en dêrnei sulver op de 500 meter efter Xandra Velzeboer.
Snein krijt se in penalty yn de finale fan de 1.000 meter. Se komt nei dy finale by de kamera's fan de NOS, wêrby't se eins neat sizze kin. Troch de triennen. Se kin noch krekt útbringe dat se leech is.
De emoasje sit noch heech by Suzanne Schulting
De heale finale fan de mixed relay slacht se oer, mar yn de finale stiet se der wer. Se wint goud en dat keunststikje werhellet se mei de frouljusrelayploech.
Ek dan ferskynt se foar de kamera fan de NOS. Dit kear mei de folsleine relayploech. Ek dan hat se muoite om út har wurden te kommen.
"Ik heb het vandaag gewoon heel lastig. Met mezelf vooral. Ik ben heel erg trots. Heel erg trots op dit team. Ik denk dat we heel erg trots mogen zijn als Nederland dat we bij de vrouwen hebben gedomineerd. Ze hebben me er echt doorheen gesleept. Ik denk dat we ontzettend trots mogen zijn."
De Nederlânske froulju nei de relay © Orange Pictures
Schulting seach dat net sy, mar Xandra Velzeboer de keninginne fan it WK waard. Velzeboer wûn fjouwer kear goud en Schulting jout de credits oan har Nederlânske konkurrinte. "Ik ben ook trots op Xan (Xandra Velzeboer, red.). Dat ze hier staat en dat ze de druk heeft aangekund, maar ik ben zelf gewoon helemaal klaar."
Ik ben zelf gewoon helemaal klaar.
Suzanne Schulting
As de dei der dan op sit, ferskynt se foar de lêste ynterviews yn de digitale mixed sône en leit se út wêr't al dy emoasjes wei komme.
Nei de lêste relayfinale, dêr't se har tredde gouden medalje pakte, hie se it dreech. "Ik heb die hele finale in een roes gereden. Ik weet niet precies wat er is gebeurd. Hoe het precies is gegaan, durf ik niet te zeggen."
Dêr't se sneon nei it goud op de 1.500 meter noch wol gelok fielde, miste se dat nei de relay-finale. "Ik voelde even niet zoveel geluk."

Oerbelêsting?

Hat it oerbelêsting west? Mentaal, fysyk? "Misschien," seit Schulting, dochs wer knokkend tsjin de triennen. Mar se werstelt en dan leit se út hoe't sy tinkt dat it miskien sit.
"Ik denk dat afgelopen seizoen veel veranderingen hebben gehad. Ik heb tijdens de Spelen veel druk op mezelf gelegd en je bent dan na afloop nog teleurgesteld omdat je één individuele kleur dan mist. Ik heb toen een soort van semi gebaald."
Sy hie ien kear goud mear helje moatten, fynt sy. "Daarna dacht ik, dit seizoen moet ik wel weer op het hoogste podium staan. Misschien ben ik inderdaad te snel doorgegaan na de Spelen. Misschien is het een combinatie van factoren. Ik kan er nog niet heel specifiek een vinger op leggen."
Suzanne Schulting (rjochts) mei Jens van 't Wout, Teun Boer en Xandra Velzeboer nei de winst mei it mixed relay-team © Orange Pictures
It giet oer oerbelêsting, oer de teloarstelling, mar ek oer de blydskip dy't se fielt. Nederlân wint by de froulju op alle ûnderdielen fiif kear goud. "Ik voel me echt ontzettend trots op hoe we als Nederland bij de dames hebben gedomineerd. Dat is in de shorttrackgeschiedenis volgens mij nog nooit gebeurd."
Dan falt der efkes in stilte, wêrnei't se laket. "Ja, ik heb dat ooit gedaan. Haha. Nee, het is gewoon heel erg bijzonder. Daar mogen we heel erg trots op zijn."

Teloarstelling op de 1.000 meter

It probleem, of better sein de teloarstelling, sit 'm foar Schulting dan ek net yn de prestaasjes fan oaren, mar dat it benammen op de 1.000 meter har net slagge.
"Het doet gewoon pijn dat ik de 1.000 meter niet heb kunnen rijden, zoals ik dat wil. Maar dat heeft niet gelegen aan de inzet of het tactische. Mijn lichaam wil gewoon niet meer. Mijn lichaam is gewoon volledig out. Leeg. Dat doet me eigenlijk de meeste pijn."
Schulting: "Dat je op waarde geklopt kan worden met de vorm die je vorig jaar liet zien, dan zeg ik oké. Dat is erg frustrerend, maar dan is er iemand gewoon beter. Maar ik voelde me nu gewoon niet mezelf. Ik had niet de kracht die ik anders wel heb."
Schulting ofrûne woansdei © Orange Pictures
Bûnscoach Niels Kerstholt bringt ek nei foaren dat it miskien foar Schulting better is as se takom seizoen wat rêstiger oan docht. Dat se bygelyks ris wat oerslacht.
Schulting: "Het is wel duidelijk dat het tankje nu leeg is. Meer dan leeg. Meer dan andere jaren. Dus ik moet wel goed op mezelf letten, laat ik het zo zeggen."
Mar kin se dat? "Ik ben heel erg gebrand om straks bij de eerste wedstrijden aan de start te staan en het te benaderen alsof het de Olympische Spelen zijn. Al is het een plaatsingswedstrijd voor een World Cup."
Ik denk dat ik vooral mezelf in bescherming moet nemen, maar het moet ook gestimuleerd worden vanuit de staf.
Suzanne Schulting
It soe goed wêze om dêr oer te praten mei de stêf, tinkt sy. "Dat ze mij ook in bescherming nemen. Ik denk dat ik vooral mezelf in bescherming moet nemen, maar het moet ook gestimuleerd worden vanuit de staf. Ik heb wel het gevoel dat dat zeker aan de orde is."

Efkes neat

No giet se der efkes tuskenút. Suzanne Schulting sil in wike nei New York. "Maar ik heb mijn agenda wel langer leeg. Ik wil niet tijd spenderen met familie en vrienden. Even niks hoeven. Gewoon op de bank liggen en een serietje kijken. Daar heb ik gewoon behoefte aan."