Suzanne Schulting slút WK ôf mei trije kear goud en ien kear sulver

Suzanne Schulting hat snein mei de frouljus relayploech en mei de mixed relayploech goud wûn op it WK shorttrack yn Seoul. Dêrmei komt Schulting op trije gouden medaljes en ien sulveren.
It lêste ûnderdiel foar Nederlân op it WK shorttrack wie de frouljus relayploech. It waard yn de finale in fraaie striid mei foaral Súd-Korea en Kanada.
Lang hie Nederlân de kopposysje, mar oan de ein like Choi efkes de slotrydster Xandra Velzeboer foarby te gean, mar yn deselde aksje gie Velzeboer har wer foarby en ried Nederlân as earste oer de finish.
Twa kear goud op de relay-ûnderdielen
Dêrfoar hie Nederlân al goud pakte op de mixed relay.
Yn de finale pakte Nederlân healwei de kopposysje en joech dy net mear út hannen. Velzeboer en Schulting fersnelden en ek Teun Boer koe it gat mei nûmer twa Sina grut hâlde. De lêste rider wie Jens van 't Wout en hy seach Sina noch tichtby kommen, mar hy hold de doar goed ticht, wêrtroch't Nederlân goud wûn.
Der wie gjin plak foar Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt yn de mixed relayploech. Teun Boer en Jens van 't Wout rieden yn de heale finale en yn de finale.
De Ljouwerter Tineke Den Dulk rydt foar België en waard yn de finale fjirde.
Gjin medalje op 1.000 meter
Schulting pakte gjin medalje op de 1.000 meter. Schulting krige yn de finale in penalty. Xandra Velzeboer wûn goud op it WK shorttrack yn Seoul.
Yn de finale wie de besetting hiel sterk. Xandra Velzeboer wûn sneon de 500 meter, Minjeong Choi wie titelferdigener en de Kanadezen Courtney Sarault en Claudia Gagnon makken de finale kompleet.
Schulting kaam aardich gau yn 'e knipe op de fjirde posysje efter Gagnon. Se besocht har yn te heljen, mar doe't sy it foar de twadde kear besocht gie it mis. Se makke in flater oangeande Gagnon, ferlear har snelheid en seach op dat momint Velzeboer op kopposysje fersnellen. Velzeboer kaam foar Choi as earste oer de finish.
Schulting kaam as fjirde oer de streek, mar krige ek nochris in penalty, wêrtroch't se as fiifde einiget op de 1.000 meter. Choi waard twadde, Sarault tredde.

Juster pakte Schulting earst al goud op de 1.500 meter en sulver op de 500 meter efter Xandra Velzeboer. Velzeboer hat dêrtroch trije kear goud te pakken. Schulting hat sulver en goud.
Sjinkie Knegt yndividueel útskeakele
Sjinkie Knegt koe him nachts fia de werkânsings noch besykje te pleatsen foar de kwartfinale fan de 1.000 meter. Hy waard freed útskeakele yn de foarronden, fia de werkânsings binne der foar it haadtoernoai begjint noch twa plakken te ferdielen.
Knegt wûn syn earste race, mar yn de twadde waard hy krekt efter de Amerikaan Clayton de Clemente. Hy krige gjin plak yn de mixed relay-ploech.
Mei de manljusrelay waarden Knegt en Itzhak de Laat sneon yn de heale finale útskeakele. Yn de B-finale fan sneintemoarn waarden se twadde efter Japan.
De Laat kaam sneon net fierder as de kwartfinale op de 500 en krige freed in penalty op de 1.000 meter, wêrtroch't hy net mear meidwaan mocht mei de werkânsings.