Wêrom't de kommende ferkiezingen foar it Wetterskip belangriker as oait binne

De kommende Wetterskipsferkiezingen binne miskien wol de belangryksten ea. Wetterkwaliteit, fersakjen fan hûzen en ús beskerming tsjin de see: it nije bestjoer krijt in flinke put.
Yn Nederlân binne der 21 wetterskippen. Sy bepale allegear it belied oer harren eigen gebiet. Yn Fryslân stimt hast elkenien op itselde wetterskip: Wetterskip Fryslân.
In wetterskip is in oerheidsorganisaasje dy't him dwaande hâldt mei alles wat mei wetter te krijen hat. Fan de suveringen fan it wetter oant it wetterpeil en fan it bioferskaat oant de wetterkwaliteit foar bygelyks rekreaasje.
Wetterpeil: heger of just net?
It wurdt in belangrike tiid foar de wetterskippen: troch it feroarjende klimaat moatte der nije oplossings komme om foar te kommen dat Fryslân ea hinder ûnderfynt fan de stigende seespegel. Dêrom besleat Wetterskip Fryslân yn febrewaris om it wetterpeil fan bûtlannen mei 10 sintimeter omheech gean te litten. In heger wetterpeil soarget derfoar dat it fean minder CO2 útstjit.
Mar it is ek wichtich om fersakking fan hûzen tsjin te gean. Benammen hûzen dy't op houten peallen steane, rinne gefaar. Neffens it bestjoer fan it Wetterskip it om 8.100 hûzen yn Fryslân.
Dy skea is mei ûntstien troch belied fan it Wetterskip, joech bestjoerder Bonnema ôfrûne desimber ta. Mei subsydzjes wol it Wetterskip dupearden helpe mei skea oan harren wenning. Hûseigeners krije 40 prosint fan de kosten fergoede, mei in maksimum fan 40.000 euro.
Ien fan de minsken dy't lang foar erkenning en in regeling striden hat, is Ellen Dekker út Spangea. It makke har emosjoneel dat de regeling der no lang om let komt. "We hebben er een aantal jaren hard voor gevochten, maar dat nu een unaniem besluit genomen is over hulp voor ons, dat doet wel wat."

In heger wetterpeil is dus better foar it klimaat en ek foar de feilichheid fan hûzen, mar foar guon boeren is it wol in probleem. It lân wurdt sompiger en dêrtroch is it dreger om mei de trekker oer it lân te riden. Boppedat kinne der oare planten groeie, dy't de kij yn it lân net ite.
Ut data fan it Kieskompas foar de Steateferkiezingen docht bliken dat sa'n 46 prosint fan de Friezen foar it ferheegjen fan it wetterpeil is, 25 prosint is tsjin.
Wetterkwaliteit wichtich foar fergunningen
Mar it Wetterskip giet net allinnich oer it wetterpeil: ek it foech foar de wetterkwaliteit leit foar in part by de wetterskippen. Se moatte plannen opstelle foar de wetterkwaliteit. En dy is net goed yn Nederlân. Yn 2027 moat Nederlân foldwaan oan de Europeeske rjochtline foar wetter, mar neffens bygelyks heechlearaar werstelbehear oerflaktewetter Piet Verdonschot wurdt dat in hiele toer. "We spelen met vuur", sei er ferline wike tsjin parseburo ANP.
Nederlân moast eins al yn 2015 oan de rjochtlinen foldwaan, mar krige útstel oant 2027. As dat ek net helle wurdt, kin dat grutte gefolgen ha foar de fergunningferliening foar bedriuwen dy't wetter ûntlûke of just losse, de regels foar dong en it brûken fan gemyske middels yn de lânbou.
Over waterkwaliteit werd gedacht: ach, dat komt wel weer een keer.
Boeren fernimme de gefolgen no al. Sa krigen Nederlânske boeren in útsûnderingsposysje yn Europa wat it útriden fan dong oanbelanget: se mochten mear dong útride as kollega's yn oare lannen. Mar Nederlân is dy útsûnderingsposysje kwyt. Ien fan de redenen is dat Nederlân net genôch dien hat om hjir de wetterkwaliteit te ferbetterjen.
"Waterschappen hebben hun taken en verantwoordelijkheid hierin de afgelopen jaren laten liggen", seit Verdonschot. Neffens him leit de fokus fan de wetterskippen te bot op de lânbou. "Over waterkwaliteit werd gedacht: ach, dat komt wel weer een keer."
Holwert oan See
De ôfrûne fjouwer jier hat Wetterskip Fryslân it net allinnich drok hân mei it wetterpeil of de kwaliteit fan it wetter, ek Holwert oan See stie faak op de aginda. It deistich bestjoer hat besletten om ôfstân te nimmen fan de plannen dy't der leine. Krekt as LTO Noord twivele it bestjoer oan de betelberens en helberens fan it projekt.
Mar it beslút soarge foar opskuor binnen it Wetterskip, omdat it algemien bestjoer net ynljochte wie troch it deistich bestjoer. In tal partijen yn it algemien bestjoer hat sjoen oft it deistich bestjoer weromfluite wurde koe, mar dêrfoar wie gjin mearderheid te finen.

Holwert oan See is in dossier dat al jierren spilet yn de Fryske polityk. Provinsjale Steaten en Wetterskip Fryslân sitte net mei-elkoar op ien line. Omdat de Steaten yn febrewaris wol ynstimd ha om it plan fierder út te wurkjen, is Holwert oan See net fan de kaart.
"De reintonne rekket leech"
Fierder set Wetterskip Fryslân op it stuit yn op in soad wetteropslach. It oerstallige wetter dat yn wiete perioaden falt, moat fêstholden wurde. Dat is nedich yn drûge perioaden, seit deistich bestjoerslid Frank Jorna. "Dat is yn de takomst echt nedich. De Iselmar, dy't wy brûke as reintonne, rekket hieltyd leger om't de oanfier út de Rijn wei minder wurdt."

Ek de beskerming tsjin it wetter is in put foar it Wetterskip. Neffens resint ûndersyk is 80 kilometer oan seediken net sterk genôch om it feroarjende klimaat oan te kinnen.
It betsjut net dat de diken no ûnfeilich binne, mar dat der wol wat gebeure moat om se feilich te hâlden. Gebieten dêr't dat it gefal is, binne bygelyks de folsleine Iselmarkust, de Waadseedyk op Skylge en ferskate diken en dunen op Skiermûntseach.
Jild
Dus it wetterpeil, de wetterkwaliteit, de diken, mar ek de wettersuvering heart by it wurk fan in wetterskip. Wêr wurdt dat fan betelle? De wetterskippen heffe belestingen. Mearpersoanshúshâldingen mei in keapwenning yn Fryslân betelje yn dit jier 497 euro oan wetterskipsheffingen.
Dêrmei lizze de heffingen hjir relatyf heech. Der binne trije wetterskippen (fan de 21 yn totaal) dêr't de heffingen heger lizze.

En dus is der genôch wurk oan de winkel foar it oansteande bestjoer. Dat algemiene bestjoer kin sjoen wurde as in parlemint. It deistige bestjoer soe dan it kabinet wêze, of in kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
Demokratysker bestjoer
It algemien bestiet by Wetterskip Fryslân út 25 leden. Fjouwer jier lyn waarden 18 fan dy 25 demokratysk keazen, de oare sân sieten mei in fêste sit yn it bestjoer. Dy fêste sitten wurde net keazen, dat binne minsken dy't belange-organisaasjes út de natuer, de agraryske sektor en it bedriuwslibben fertsjintwurdigje.
Om it bestjoer demokratysker te meitsjen, feroaret dat. GrienLinks en D66 woenen ôf fan alle fêste sitten, mar krigen dêrfoar gjin mearderheid. De tuskenoplossing is dat de natuer en de agrariërs har fêste sitten hâlde, mar it bedriuwslibben rekket se kwyt. Dat betsjut foar Fryslân dat der fjouwer fêste sitten oerbliuwe, de oare 21 bestjoersleden wurde kommende woansdei demokratysk keazen.

Foar Wetterskip Fryslân ha 176 minsken har kandidaat steld. Sy binne ferdield oer alve partijen. Dat binne benammen ôfdielingen fan de bekende partijen dy't ek yn de Twadde Keamer en Provinsjale Steaten sitte. Dêrnjonken steane de Water Natuurlijk, Algemene Waterschapspartij en Lagere Lasten Burger op de kieslist.
Ienkear nei de ferkiezingen sille de partijen, ôfhinklik fan de útslach, mei-elkoar yn petear om ta in koälysje-akkoart te kommen. Dêryn stean de ambysjes foar de oansteande fjouwer jier. As dat akkoart op tafel leit, besykje de partijen dy't yn de koälysje sitte ek it deistich bestjoer gear te stallen.
It deistich bestjoer bestiet faak út fjouwer leden fan it demokratysk útkeazen algemien bestjoer en de dykgraaf. De leden fan it deistich bestjoer hawwe ek stimrjocht yn it algemien bestjoer, útsletten fan de dykgraaf. De dykgraaf wurdt ek net keazen, mar foar in perioade fan seis jier oanwiisd. Yn Fryslân is Luzette Kroon op it stuit dykgraaf.
Stimme foar it wetterskip kin kommende woansdei, krekt as foar de Provinsjale Steateferkiezingen, yn de measte stimburo's fan 7.30 oant 21.00 oere.