"Gjin brân, wol panyk" by eksploazje yn Easterwâlde

Minsken op strjitte nei de eksploazje yn Easterwâlde © CAMJO media
By in gaseksploazje yn Easterwâlde is in flatgebou skansearre rekke. Troch de krêft fan de eksploazje is de gevel fan de wenning dêr't it yn barde nei bûten kaam. Ien persoan is lichtferwûne rekke.
De eksploazje wie oan de Gijenham, yn it easten fan Easterwâlde. It ynsidint hie plak op de twadde ferdjipping fan it gebou. Benammen de sydmuorre is slim skansearre. Ien fan de twa bewenners hat dêrby brânwûnen oprûn en is mei eigen ferfier nei it sikehûs ta gien.
De brânwacht krige de melding flak nei 18.00 oere. "Der wie op it earste stuit gjin brân, mar wol panyk", fertelt Jan Willem Zwart fan de Veiligheidsregio Fryslân. "It gebou moast ûntromme wurde."
It giet om sa'n tweintich bewenners fan yn totaal trettjin wenten. Sy binne opfongen yn it gemeentehûs.
Neffens Veiligheidsregio Fryslân is der nei ynspeksje besletten dat it op dit stuit ûnfeilich is om yn it gebou te kommen. Moandei prate de gemeente Eaststellingwerf en WoonFriesland fierder oer ferfolchstappen.
Foarljochter Jan Willem Zwart fan de Veiligheidsregio Fryslân oer de eksploazje:
Flatgebou swier skansearre by eksploazje yn Easterwâlde
De tastân fan it gebou is nei de eksploazje net hielendal dúdlik. "It is yn alle gefallen behoarlik skansearre. Dêrom is WoonFriesland hjir ek, de gemeente is der ek. We moatte sjen hoe feilich oft it is om nei binnen ta te gean. Oan de bûtenkant kinne je ek sjen dat stikken muorren derút fage binne. En binnen sitte der ek dikke skuorren yn."
De brânwacht hat de help ynroppen fan in team dat spesjalisearre is yn ynsidinten wêrby't der risiko op ynstoarting is.
De flat dêr't it om giet © BTB Fotografie
Oer de tadracht fan it ynsidint is noch neat bekend. Dat wurdt ûndersocht en dêrom is de lokaasje fan it ynsidint in 'plak delikt' wurden. "We sykje út wat der krekt bard is."
Der wie opskaald nei GRIP1. Dêrmei kinne de helptsjinsten de helpferliening ûnderling makliker ôfstimme. "Je geane dan fan allinnich in brânwacht nei ek oare tsjinsten: plysje, ambulânse, mar bygelyks ek de gemeente. We ha hjir ek in koördinaasjesintrum, dêr ha we ek in fergaderromte."