Planbureau Fryslân: Friezen ha fertrouwen yn provinsjale polityk

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Under ynwenners fan Fryslân is it fertrouwen yn de provinsjale polityk stabyl heech. Dat docht bliken út ûndersyk fan Planbureau Fryslân (PF). Lanlik nimt it fertrouwen yn de polityk just ôf.
Ut it ûndersyk komt ek nei foaren dat yn Fryslân de ynteresse foar de provinsjale polityk tanimt. Neffens it PF spilet dêrby mei dat de provinsjale oerheid oan set is by wichtige tema's as de takomst fan de lânbou, stikstof, berikberens en wenjen.

Panel Fryslân

It planburo hat it ûndersyk hâlden ûnder de leden fan Panel Fryslân, dat bestiet út sa'n 7.000 ynwenners fan Fryslân. Yn oanrin nei de Steateferkiezingen op 15 maart krigen sy in fragelist oer harren fertrouwen en ynteresse yn de polityk op gemeentlik, provinsjaal en lanlik nivo. Ek yn 2017 en 2019 hat it FP sa'n ûndersyk dien.
In romme mearderheid (69%) is it iens of folslein iens mei de stelling "Ik fyn de Provinsjale Steaten fan Fryslân belangryk". Dat is wol in stik heger as it persintaazje dat seit te witten wat de provinsjale oerheid docht (44%).

Kleau

De panelleden lykje yn ferskate opsichten in kleau tusken Den Haag en de provinsje te fernimmen. It grutste part (tusken de 65% en 75%) fynt dat Nederlânske oerheid te min jild en middels ynvestearret yn Fryslân, dat yn de lanlike polityk Fryslân te min omtinken krijt en dat it Nederlânsk regear net goed wit wat der yn Fryslân spilet.
Der is ek ûndersocht yn hoefier en op wat foar manier minsken nijs en aktualiteiten folgje. Opfallend is neffens it PF dat in grut part fan de panelleden regionale media brûkt foar it folgjen fan it nijs fia telefyzje, krante en ynternet.