Earste ljipaai fan Nederlân leit opnij net yn Fryslân

It aai lei yn de snie © Landschap Overijssel
It earste ljipaai fan Nederlân is hjoed fûn yn it Staphorsterveld, flakby Hasselt yn Oerisel. Mei de fynst fan it earste aai is it sykseizoen fan dit jier offisjeel úteinset.
Klaas Binnendijk is de persoan dy't it aai fan 'e moarn yn 'e snie fûn. Foar de stichting Landschap Overijssel kaam dat as in ferrassing. "Zo warm is het immers nog niet."
Ferline jier waard it earste ljipaai fan Nederlân ek al yn dy provinsje fûn. Doe trof Tonny Rupert fan Hengevelde it earste ljipaai op 9 maart oan yn de gemeente Hof van Twente. jier dêrfoar wie it op 5 maart yn Utrecht.
It earste ljipaai fan Fryslân waard yn 2022 fûn troch Wietse Jan Dijkstra fan Sint-Anne yn de greide by de Warkumerwaard. Hy krige doe de Sulveren Ljip fan de kommissaris fan de Kening.
Yn 2019 waard it earste Fryske ljipaai al op 28 febrewaris fûn troch Eduard van der Hoek yn Vegelinsoard. Nea earder waard in ljipaai sa betiid yn it jier fûn. Dat wie ek de iennige kear yn de ôfrûne tsien jier dat it earste ljipaai fan Nederlân yn Fryslân fûn waard.