André Zwart syn lêste kuorbalseizoen by LDODK: "Doel is om Ahoy te heljen"

17 jier kuorballe hy yn it earste fan LDODK. 11 jier op it heechste nivo: de Kuorbal League. Mar op 34-jierrige leeftiid is it klear foar André Zwart. Nei it seizoen hâldt hy op mei kuorbaljen. Mar net foardat hy der alles oan docht om it seizoen mei in knaller ôf te sluten.
Ferline jier twivele Zwart al oft er ophâlde soe of net. "De ôfrûne jierren haw ik wol lichte blessueren hân. Ik bin de âldste spiler op dit nivo. Ik bin hast 35, dus it moment komt in kear", seit Zwart. It kostet him hieltyd mear enerzjy en it werstel duorret langer.
André Zwart hâldt op by LDODK
Dat sjogge de âlden fan André ek. "De pyntsjes komme de lêste jierrren ek wol in bytsje", fertelt mem Piety. "Hy is tige fanatyk. Dus it docht wol in bytsje sear. Foar ús ek, mar foar him ek grif."
Heit Henk slút him der folslein by oan. "Hy giet altyd troch hè, hy wit fan gjin ophâlden. Dit seizoen docht hy it geweldich, dus dêr binne wy hiel grutsk op."

In grut part fan syn libben spilet André mei syn broer Erwin. Troch in blessuere fan Erwin kin André dit seizoen in soad minuten meitsje. "Hy kaam op myn plakje oan it begjin fan it seizoen", seit broer Erwin. "Foar him wie dat hartstikke moai. Hy hat in moai seizoen, dat gun ik him."
Ien dream
André hat foar syn lêste seizoen by LDODK noch ien dream: de finale yn Ahoy. "Wy stean no op plak fjouwer. Yn de top fjouwer dus, dy pleatse har foar de play-offs." De klup spilet noch twa wedstriden. Sy rinne no ien punt foar op de nûmer fiif. De kommende wedstriden wurde dus wichtich.

"Uteinlik is it doel om de finale yn Ahoy te heljen en in kâns te meitsjen om kampioen fan Nederlân te wurden. Dat soe it ultime wêze."
Piety en Henk Zwart hoopje ek dat har soan noch in kear yn Ahoy stean mei. "Kampioen wurde sil wol dreech wurde, mar ik hoopje foar him dat hy yn elts gefal de finale noch in kear spylje mei", seit mem Piety. "Dat soe in fantastyske ôfsluting wêze tink ik."