Liveblog | 12 maart

UNIS Flyers nei finale BeNe League | Noppert útskeakele yn Barnsley

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân:

  • Darter Danny Noppert is snein yn de tredde ronde fan it Players Championship 6 útskeakele;
  • UNIS Flyers wint fan HIJS Hokij yn de heale finale fan 'e BeNe League;
  • Yn Andora stie snein te min wyn om útein te setten mei it EK silen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 12 maart, 21:19 oere
snein 12 maart
21:18

Finale foar UNIS Flyers

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha de finale berikt fan de BeNe League. Yn it twadde heale finaleduel tsjin HIJS Hokij waard it 3-2 foar de Flyers.
Troch twa goals fan de Fin Roope Nikkila kamen de Flyers op 2-0. HIJS kaam yn it begjin fan de tredde perioade werom ta 2-2, mar troch Lars den Edel gie de winst nei de Flyers.
Freed hie UNIS Flyers it earste duel in dizze best-of-three al wûn. Yn Den Haach waard it doe 2-3 foar de ploech fan It Hearrenfean.
De oare finalist wurdt in Belgyske ploech. Luik Bulldogs en Herentals spylje yn de oare heale finale tsjin inoar.
© Martin de Jong
17:01

Bouwmeester en Akkerman net yn aksje, te min wyn foar de sylsters

Op it EK silen sil de race yn de kategory Laser Radial hjoed net mear trochgien. Neffens de organisaasje stiet der te min wyn. Nei alle gedachten komme Friezinnen Marit Bouwmeester en Mirthe Akkerman moarn wer yn aksje. Marissa IJben melde har al earder ôf troch in blessuere.
16:55

Noppert útskeakele yn Barnsley

De tredde ronde fan it Players Championship 6 is it einstasjon wurden foar darter Danny Noppert. De Jouster kaam der net oan te pas tsjin de nûmer 103 fan 'e wrâld, Graham Usher út Ingelân.
16:41

Noppert nei tredde ronde yn Barnsley

Danny Noppert hat de tredde ronde berikt fan it Players Championship 6 yn Barnsley. Yn de twadde ronde wûn hy mei 6-5 fan Steve Beaton.
16:00

Maratonteam BDM-BTZ is mei Fries oan it roer en 'geheim wapen' de seizoensferrassing

Mei syn Team BTM-BTZ behelle Eelco Kooistra dit seizoen de iene nei de oare oerwinning en waard it ploegeklassemint by de KPN Marathon Cup wûn. Esther Kiel en Merel Bosma fertelle oer harren hechte team.
15:58

Suzanne Schulting slút WK ôf mei trije kear goud en ien kear sulver

Suzanne Schulting hat snein mei de frouljus relayploech en mei de mixed relayploech goud wûn op it WK shorttrack yn Seoul. Dêrmei komt Schulting op trije gouden medaljes en ien sulveren. Earder wûn sy de 1.500 meter. Sjinkie Knegt hie in minder goed WK, hy skeakele himsels op de yndividuele ôfstannen út, berikke mei de manljusrelay de heale finale en waard net opsteld yn de mixed-relay.
15:26

Noppert nei twadde ronde yn Barnsley

Darter Danny Noppert hat de earste ronde op it Players Championship 6 yn it Ingelsk Barnsley oerlibbe. De Jouster wûn mei 6-5 fan Brian Raman út België.
sneon 11 maart