Untwikkelder wol hotel en rekreaasjehuzen by Wiidpleats yn Earnewâld

De earste plannen foar de Wiidpleats © VNL Architecten
De Wiidpleats yn Earnewâld moat aanst in hotel en 19 rekreaasjewenten herbergje. Dat is alteast de bedoeling fan Zwanenburg Projecten, dy't it kompleks yn septimber kocht fan It Fryske Gea.
De rekreaasjefoarsjennings moatte oan de besteande hoareka- en museumromte taheakke wurde. Op in ledegearkomste fan it pleatslik belang hat de ûntwikkelder earste konseptbylden sjen litten. Earnewâld is bliid dat der wer nij libben yn it kompleks komt, seit de ûntwikkelder sels.
De earste plannen foar de Wiidpleats © VNL Architecten
It giet om earste plannen, dy't noch fierder útwurke wurde moatte yn oparbeidzjen mei de gemeente Tytsjerksteradiel. De bedoeling is dat yn de rin fan it jier it bestimmingsplan dat de gemeente makket, ta besjen leit. Ek it yntsjinjen fan de fergunningen foar de sloop fan it hjoeddeiske hoarekapart stiet op de planning.