'Donorseegers' krijt ljochtterapy foar't it yn de Waadsee plante wurdt

Undersiker Katrin Reylmeyer is ferantwurdlik foar dit eksperimint © Max Gräfnings
Deensk donorseegers krijt op it stuit ljochtterapy fan ûndersikers op Rijksuniversiteit Groningen foardat it útset wurdt yn de Waadsee. Dat bart yn spesjale klimaatkeamers mei in hiel soad ljochtsjes.
Seegers werom krije op drûchfallende platen is by it eilantsje Gryn hiel goed slagge troch it sied op in spesjale wize yn de platen te plantsjen. Mar hjir giet it om seegers dat permanint ûnder wetter stiet.
Dat ferspriedt him middels de woartels en net troch sied. En it falt oant no ta noch net ta om dat yn praktykproeven foarinoar te krijen.
Want om enerzjy yn de woartels te krijen is der sinneljocht nedich en it trochsicht fan it wetter hjir is oars as yn it Limfjord yn Denemarken, seit ûndersiker Katrin Reylmeyer fan Rijksuniversiteit Groningen: "Het water is een beetje troebeler dan ik Denemarken. En het hele systeem is wat dynamischer. Dus heeft het wat extra kracht nodig."

Goed ferljochte 'krêfthonk'

De planten moatte yn it Waad dus hurder wurkje om oan ljocht en oan enerzjy te kommen. En om sy dat ljocht te jaan, krije sy dus wat 'ljochtterapy' yn in soarte fan goed ferljochte 'krêfthonk' op de universiteit.
En dat 'krêfthonk' bestiet út saneamde klimaatkeamers. Reylmeyer: "In de klimaatkamers hebben we best veel controle over de omstandigheden waarin de planten groeien. En daar kunnen we ook variëren met de hoeveelheid licht die planten krijgen."
Mar it bliuwt net by allinnich dit eksperimint. Oant no ta wurde de plantsjes yn de Waadsee plante wylst sy oan in spiker fêstsitte, sadat sy net fuortspiele.
Dêr komt no in oare metoade by, seit Reylmeyer. "We hebben de theorie dat de spijkermethode de plant misschien teveel stress bezorgd. Dus we hebben bedacht dat wij ook nog 'kernen' willen transplanteren. Dat betekent dat wij het zeegras laten groeien in potjes en het de kans te geven om echt wortelmatten te vormen. En dat planten we dan in de Waddenzee."

Helder

In oantal fan de donorplanten is ek wer mei spikers werom plante yn it Limfjord. Sa kinne de ûndersikers der ek efter komme as der wat mis is mei dy oanpak. Uteinlik is it de bedoeling dat alles wat yn Grins opkweekt wurdt, op twa plakken yn de Waadsee plante wurdt dêr't it wetter relatyf helder is.
Deensk donorseegers krijt ljochtterapy foar it plantsjen yn de Waadsee