Mar in lyts ploechje Fryske FDF-demonstranten nei protest yn Den Haag

De karre fan Jan Lieuwe © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Sa'n 15 boeren en sympatisanten út it Noarden sammelen har sneon yn Bant foar in demonstraasje yn Den Haag. Aksjegroep Farmers Defence Force ferkundige earder dat it de 'grootste demo aller tijden' wurde soe.
FDF hope yn 't foar dat der mear as 5.000 trekkers nei Den Haag ride soene, mar dat lit de gemeente sawiesa net ta. Der meie mar twa trekkers yn it park steane. De gemeente kundige sneontemoarn in needbefel ôf: trekkers wurde by de stedsgrinzen fuortstjoerd, om de iepenbiere oarde en feiligens te garandearjen.
De organisearre stipe út it Noarden wei is beskieden. In ploechje wie yn 't earstoan fan doel om sneontemoarn út Bant wei mei trekkers nei Den Haag te riden.
Mar in lyts ploechje Fryske FDF-demonstranten nei protest yn Den Haag
Mar de demonstranten út it noarden wolle gjin bekeuring riskearje, dêrom liet regiobehearder Mick Tinga witte de trekkers thús te litten. Nettsjinsteande dat kaam der sneon wol in trekker nei Bant.

"Grutte soai"

Ien fan de Friezen dy't moarns betiid yn Bant wie, is Jan Lieuwe. Hy is mei auto en karre, dêr't er protestbuorden op set hat. "Foar de stakingsdei hjoed. Yn in oerke wie it klear. Wy soene oars mei de trekker, dan mar sa. Wy tochten: wy moatte wat betinke. Dan mar auto en karre. Wat stikken hout, in pear plaatsjes en posters derop en it is klear."
Hy neamt de situaasje yn polityk Den Haag in 'grutte binde.' "Ien grutte soai. Sy moatte mei in oplossing komme, want dit kin sa net."

Demo yn Den Haag

Farmers Defence Force hope dat der sa'n 100.000 minsken nei it Zuiderpark yn Den Haag komme. Foarsitter Mark van den Oever sei earder dat it de 'grootste demo aller tijden' wurde soe. De gemeente lit lykwols mar 25.000 minsken ta.
"Deze keer niet alleen met de boerenstandpunten, maar met alle standpunten en problemen die momenteel spelen in onze maatschappij. Van de toeslagenaffaire tot de gascrisis, tot de verzakte huizen in Groningen, tot de waterschade in Limburg. Mensen krijgen hierover bij ons op het podium een stem", sa ferklearre Van den Oever earder.
De aksje krijt stipe fan Samen voor Nederland (SvNL) en politike partijen as Forum voor Democratie, PVV en BVNL. Sneon is der yn Den Haag ek noch in oare demonstraasje: Extinction Rebellion blokkearret de A12.
Farmers Defence Force is fan doel om fan 12.00 oant 16.00 oere te demonstrearjen tsjin it 'rampbelied' fan it regear, sa't sy it neame.