Deade en swierferwûne by ûngelok op N393 by Tsjummearum

By in ûngelok yn Tsjummearum is ien persoan om it libben kaam, in oar rekke swierferwûne. It gie om in iensidich ferkearsûngelok oan de Kleasterwei (N393). In auto út 'e rjochting fan Seisbierrum rekke fan de dyk en botste tsjin in beam.
Der sieten twa minsken yn de auto. Foar in 18-jierrige man fan de gemeente Tytsjerksteradiel kaam helpferliening al te let, dizze persoan is op it plak sels ferstoarn. De oare ynsitter, in 18-jierrige man út Waadhoeke, is swierferwûne nei it sikehûs oerbrocht. It ûngelok barde om 01.00 oere hinne.
De plysje hat nachts de Kleasterwei ôfsletten, sa't it forinsysk opspoaringsteam foar it ferkear ûndersyk dwaan koe. Tal fan helptsjinsten wiene útriden nei Tsjummearum, ek in Mobyl Medysk Team. Om't de ynsitters beknypt wiene, is ek de brânwacht fan Frjentsjer oproppen.