CDA en BBB fine '2030' net hillich, D66 wol "nu aan de slag"

Danny van der Weijde (D66), Friso Douwstra (CDA) en Abel Kooistra (BBB) © Omrop Fryslân
De kâns liket lyts dat CDA, D66 en de BBB meiïnoar yn ien kolleezje komme sille. Sawol op it ûnderwerp stikstof as oer de Lelyline rinne de mieningen fan de trije partijen flink útinoar.
It kabinet wol dat de stikstof yn 2030 mei de helte werombrocht is. It CDA sit yn it kabinet, mar de Fryske ôfdieling stiet heaksk op de lanlike line. "Wy ha provinsjale ferkiezings en wy fiele de ferantwurdlikheid foar Fryslân", seit listlûker Friso Douwstra fan it Fryske CDA. "Wy wolle dat Fryslân net yn de problemen komt. Allinnich mar fokusje op 2030, sûnder rekken te hâlden mei de maatskiplike en sosjaalekonomyske impact, dat fine wy gewoan net wiis."
Listlûker Danny van der Weijde fan D66 fynt dat it yn it belang fan Fryslân is om gau wat te dwaan. "Dat wij klimaatverandering gaan aanpakken, dat we zorgen dat we gaan werken aan natuurherstel. Dat we daarop doorpakken. Laten we inderdaad niet gaan bakkeleien over 2030 of 2035."
De listlûkers fan it CDA, D66 en de BBB praten yn it fiifde en lêste ferkiezingsdebat fan Omrop Fryslân oer stikstof, de Lelyline en de ferwachtingen nei 15 maart. It debat is hjir werom te sjen.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.
Van der Weijde seit dat Fryslân him hâlde moat oan wat it kabinet beslute sil oer de stikstofreduksje en wannear't dy helle wurde moat. No stiet der noch 2035 yn de wet, mar it kabinet wol dat dus 2030 wurdt.
"Als in de wet komt te staan, dan zullen wij ons daar als provincie aan moeten houden", seit Van der Weijde. "Dan kun je je daarvoor in gaan zetten. En wij willen liever dat we nu al aan de slag gaan, dat we misschien in 2029 al gewoon klaar kunnen zijn."
Fryslân moat rekken hâlde mei strangere stikstofregels, seit Van der Weijde:
D66 en it CDA yn diskusje oer hoe't it stikstofprobleem oanpakt wurde moat
De BBB wurdt faak sjoen as dé stikstofpartij. Yn it partijprogramma seit de BBB foar in oar en breder belied te gean, wêrby't stikstofreduksje gjin absolút beliedsdoel mear is.
"De lanlike wet fynt dat stikstof synonym stiet foar 'natuurverslechtering'", seit listlûker Abel Kooistra fan BBB. "Wy wolle yn de wetjouwing just breder sjen nei de natuergebieten. Wy moatte dy reduksje net hillich meitsje yn de hiele oanpak."
Neffens Van der Weijde moat der echt wurk makke wurde fan it natuerherstel en it leafst foar 2030. Hy fynt dat Fryslân der te frijbliuwend mei dwaande is, "ook mede dankzij het CDA soms".
Douwstra is it dêr net mei iens. "Troch kontinu te fokusjen op deadlines en op Den Haag, wylst we it hjir oer Fryslân ha. 2035 is in wet, mar wêr giet it om? It giet om it Fryske lân, sa as sa'n bytsje alle partijen yn har programma's stean ha it bêste lân op ierde. Dat is mear as in deadline en in jiertal. Dat is ús natuer, ús mienskip, ús ekonomy trochjaan. Dêr moatte je mei oan 'e gong."
De BBB en D66 oer stikstof:
Oer ien ding binne BBB en D66 it iens: boeren moatte dúdlikheid krije
Kooistra stelt dat de BBB yn de Earste Keamer foar de komst fan de nije wet lizzen giet en wol fan Douwstra witte oft dat ek foar it CDA jildt. Dy docht dêr lykwols gjin tasizzingen op. "De lânbou is fan essinsjeel belang foar ús provinsje", seit Kooistra.
De boeren ha ek ferlet fan dúdlikheid, seit Van der Weijde. "Het gaat slecht met de Friese natuur en dat is waarom wij wel zeggen: we moeten doorpakken om die Friese natuur te beschermen en te herstellen."

Lelyline loskeppelje fan hûzebou?

Ek oer de Lelyline binne de trije partijen ferdield. Moat dy der komme of net? "Nee", seit Kooistra resolút. "Absoluut ja", seit Van der Weijde. En Douwstra? "Fol foar de Lelyline."
Neffens Kooistra ferskille de mieningen binnen de BBB oer de komst fan de Lelyline. Sa is de ôfdieling yn Flevolân foarstanner, mar yn Grinslân just net. Yn Fryslân stiet de partij "der hiel skeptysk yn", seit Kooistra. "Earder nee as ja."
Dat komt benammen om't it hjoeddeiske plan fan de Lelyline ûnderdiel is fan it Deltaplan van het Noorden, dêr't ek hûzebou ûnderdiel fan is. Dat Deltaplan wie oait in moasje fan CDA-Keamerlid Mustafa Amhaouch, mar Douwstra wol de spoarline no loskeppelje fan de rest fan it plan. "We ha wenten nedich, mar dat hoecht hielendal net ferplichte keppele te wurden. We ha rjocht op goede berikberens."
Neffens Douwstra kin de Lelyline loskeppele wurde fan it plan foar hûzebou:
CDA, BBB en D66 oer de Lelyline
Van der Weijde wol net dat it loskeppele wurdt, mar is it mei Douwstra iens wat de berikberens fan Fryslân oanbelanget. "Wij hebben gewoon recht op die Lelylijn, recht op goede bereikbaarheid in deze provincie. Het zorgt voor goede bereikbaarheid in het hele Noorden."
"Wy binne ek foar in goeie ûntsluting fan Fryslân", seit Kooistra. Mar hy wol dat it Ryk earst oer de brêge komt mei jild om de besteande knipepunten op te lossen. Dêr soe twa miljard euro foar nedich wêze.

Ferwachtingen

Yn de peiling fan Ipsos en EenVandaag oardel wike lyn komt de BBB yn Fryslân as grutste út de bus. As de partij fan Kooistra takom wike yndie de grutste wurdt, mei hy it foartou nimme by de koälysje-ûnderhannelingen. Hy hat alfêst wat bakjes kofje dronken mei ferskate partijen, fertelt er: "We binne wat yn 'e kunde kaam mei de VVD, it CDA, wat oare partijen. Mei de PvdA stiet noch in ôfspraak. Mar nei 15 maart kinne je echt mei elkoar prate."
It CDA, hast altyd de grutste yn Fryslân, rekket neffens Douwstra net yn panyk. "We sjogge 15 maart wat it fertrouwen is. De stimmer hat altyd gelyk."
En D66? Van der Weijde skoot graach oan by de ûnderhannelingen: "Als we drie zetels halen, zullen we zeker serieus meepraten. We zijn een progressieve en een constructief-kritische partij. Als we goede afspraken kunnen maken over natuurherstel en klimaataanpak, dan kunnen we ook met BBB praten."