Maratonreedrider Harm Visser ferlinget kontrakt by Jumbo-Visma

Harm Visser © Orange Pictures
Harm Visser hat syn kontrakt by Team Jumbo-Visma ferlinge. De maratonreedrider fan De Westereen hat syn hantekening set ûnder in kontrakt oant de simmer fan 2025.
Visser is dwaande oan in goed seizoen. De 22-jierrige rider wûn oant no ta trije wedstriden yn de Maraton Cup. Dêrneist wie er ein febrewaris foar it earst yn syn karriêre de bêste yn in natueriiswedstriid.
"Ik bin bliid dat ik de kommende twa jier foar dizze moaie ploech útkomme mei", seit Visser. "Ik sit hjir goed op myn plak. De lêste trije jier hawwe in moai proses west, wêryn't ik my in soad ûntwikkele haw."
Visser kin sneontejûn it einklassemint fan de Maraton Cup op syn namme skriuwe. De Fries ferdigenet by de lêste wedstriid yn de Alvestêdehal in foarsprong fan fiif punten.