Soad ferkiezingsposters fernield of bekladde: "It is dit jier folle slimmer"

Bekladde ferkiezingsposters © Omrop Fryslân
Ferkiezingsposters dy't bekladde, fernield, oerplakt of sels yn 'e brân stutsen wurde. It bart hieltyd faker, ta grutte frustraasje fan de frijwilligers fan de partijen dy't posters plakke. Fandalen ha it benammen foarsjoen op de fjouwer partijen dy't yn it kabinet sitte: VVD, CDA, D66 en de ChristenUnie.
"It is dit jier folle slimmer", seit Sjirk Bruinsma fan D66. Geregeld moatte frijwilligers wer op 'en paad om fernielde buorden te ferfangen. Der giet of in grut, read krús trochhinne of der komt in sticker op. "Dêr stiet op 'stem ze weg'", seit Bruinsma. "Dan tink ik, meist bêst wat oars stimme. Doch dat dan yn stee fan ús posters te fernielen."
"Der binne al in hiel soad fernield", seit kampanjelieder Hendrik Terpstra fan de VVD. "Ik wit dat se yn Waadhoeke opnij oan it plakken west hawwe, mar ek dat se it yn oare gemeenten sitte litte. Want dan wurde se opnij fernield."
Yn de hiele provinsje wurde ferkiezingsposters fernield
Moedeleas wurdt Terpstra der net fan. "Nee, it is in bytsje treurich dat je de striid net yn wurden winne kinne en dan mar in oar syn spullen ferniele. Ik sjoch it as in foarm fan fandalisme."
Sa tinkt Wim Eilering fan it CDA der ek oer. As kampanjelieder rydt hy rûn mei posters en banners. "Met name na het weekend zijn we er druk mee. Ik heb er geen onderzoek naar gedaan, maar het lijkt dan wel of hooligans of uitgaanspubliek er dan mee aan de slag gaat."
Eilering lit him der net troch beynfloedzje. "Het is altijd leuk om campagne te voeren. Ik krijg op straat ook weinig negatieve reacties." De auto dêr't hy mei troch de provinsje rydt, is frij opfallend.
Bekladde poster © Omrop Fryslân
Op de sydkant stiet in grutte foto fan listlûker Friso Douwstra fan it CDA. "Ik heb er wel over nagedacht hoe mensen hier naar zouden kijken, maar tot nu toe krijg ik alleen maar duimpjes omhoog en geen middelvingers."
Terpstra tinkt dat der net in soad oan te dwaan is. "Yn Ljouwert ha se foarbedrukte spandoeken. Dat wurket frij goed, allinnich is dêr ferline jier al ien fan fernield. It is ûnnedich."
Bruinsma sjocht ek leaver dat de minsken dy't soks dogge it petear oangean. "We binne de beroerdste ek net. Mei in kop kofje kinne we bêst de diskusje oangean."
Beklad ferkiezingsboerd yn Achtkarspelen © Rienk Schootstra