GGD Fryslân hâldt op mei it testen op it coronafirus

GGD-testlokaasje yn Ljouwert © ANP
GGD Fryslân hâldt nei nije wike freed op mei it testen op it coroanfirus. Dat beslút folget op it troch minister Ernst Kuipers nommen beslút dat testen op corona net mear nedich is.
De ôfrûne wiken sleat GGD Fryslân al fjouwer fan de fiif testlokaasjes op eigen inisjatyf, om't der al hast gjin fraach mear wie nei testen. De GGD bliuwt oant 17 maart noch testen foar minsken dy't in werstelbewiis nedich hawwe. Dêrnei nimme kommersjele partijen dat oer.
De GGD Fryslân hat sûnt de útbraak fan it coronafirus mear as in miljoen testen ôfnaam.