Ultee wol mei Cambuur fan eigen krêft útgean tsjin PSV: "We gaan niet afwachten"

It fjild fan Cambuur Stadion lei fannemoarn ûnder in laach snie © SC Cambuur
SC Cambuur sil him snein tsjin PSV net oanpasse oan de tsjinstanner, sa as it yn febrewaris wol die tsjin Ajax. Trainer Sjors Ultee wol dat syn ploech gewoan fan eigen krêft útgiet tsjin de nûmer fjouwer fan de earedivyzje.
Kânsleas ferlearen de Ljouwerters op 5 febrewaris yn it eigen stadion fan Ajax (0-5). Neist dat it in pynlike nederlaach wie, soarge it ek foar in hoop krityk oan it adres fan de trainer. Ultee hie syn ploech nammentlik it fjild op stjoerd yn in systeem mei fiif ferdigeners.
Dy wedstriid hat foar in feroaring soarge yn de gedachten fan de technyske stêf, sa fertelt Ultee no. "We gaan niet meer zo spelen, hebben we na Ajax tegen elkaar gezegd. We gaan niet afwachten en niet vanuit de reactie spelen. Dat past niet bij ons en dan komen we in onze zwakte."
We gaan het op onze manier doen, tegen iedereen en overal.
Cambuurtrainer Sjors Ultee
Dat Cambuur it in topklup lestich meitsje kin mei it spyljen fan it eigen spul, liet it twa wiken lyn sjen yn it útduel mei AZ. Dy wedstriid waard wol mei 2-1 ferlern, mar de ploech fan Ultee bea goed partij oan de Alkmaarders.
Op sa'n soart senario, mei dan in better resultaat, hopet Ultee tsjin PSV snein. "We gaan het op onze manier doen, tegen iedereen en overal. Wetende dat je ook een keer het deksel op je neus kunt krijgen, want het is geen garantie op altijd goed spel. Maar het is wel een garantie op ons beste spel."
De Cambuurtraining moast troch de snie oanpast wurde, fertelt Sjors Ultee
Gewoanwei duorret de training fan Cambuur twa dagen foar de wedstriid minimaal oardel oere en wurdt der faak in alve-tsjin-alve spile. Dat wie freed net it gefal. Moarns lei it fjild fan it stadion bedutsen ûnder in laach snie.
Dat is derôf helle, mar de omstannichheden wiene fiere fan goed. "Het veld bleef glad, dus we hebben de training moeten aanpassen", fertelt Ultee dêroer. De training duorre trije kertier, wêrnei't de spilers de tarieding op PSV-út yn de fitnessromte trochset hawwe.
Net ideaal, mar ek wer net hiel slim, sa fynt Ultee. "Het gooit het een klein beetje in de war, maar dat is niets om van in de war te raken."

Twivelgefallen

Oer de opstelling wol de Cambuurtrainer noch neat sizze. Der binne nammentlik noch in pear spilers wêrfan't it mar de fraach is oft se spylje kinne. Doke Schmidt, Michael Breij en de fan in blessuere werom kommende Marco Tol binne twivelgefallen foar snein.
Neffens Ultee hat it drokke skema ynfloed op de fitheid fan de spilers. "Vaak heb je om de zes, zeven weken een interlandweekend. Nu hebben we die week niet en is het continu doorgaan. Dan merk je dat spelers hun pijntjes opstapelen. Er zijn een aantal jongens die het een beetje zwaar hebben."
Oer twa wiken is der wol in wykein mei ynterlannen, dus dan kin de groep efkes wat gas werom nimme. Ben Rienstra is der tsjin PSV yn elts gefal net by, lykas de twa al langer blessearren Maxim Gullit en Jhondly van der Meer.
Ek Sekou Sylla mist nei alle gedachten it duel yn Eindhoven. Hy is siik. Earder dizze wike krige Sylla noch wol goed nijs: Cambuur hat de opsje yn syn kontrakt ljochte. Dêrtroch stiet hy ek kommend seizoen ûnder kontrakt yn Ljouwert.
De wedstriid tusken PSV en SC Cambuur begjint sneintemiddei om kertier foar fiven. It is live te folgjen by Omrop Fryslân yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Philips Stadion wei. Earder op de middei, fan healweis trijen ôf, docht sportferslachjouwer Arjen de Boer yn Snein yn Fryslân ferslach fan it duel tusken sc Hearrenfean en Ajax.