Frijwilligers himmelje museum De Spitkeet foar NLdoet: "We pakke alles oan"

Himmelje yn De Spitkeet © Omrop Fryslân
Troch it hiele lân strûpe freed en saterdei tûzenen frijwilligers de mouwen op foar NLdoet. Dat is de jierlikse frijwilligersaksje fan it Oranje Fonds. Ek by iepenloftmuseum De Spitkeet op 'e Harkema dogge se dêroan mei.
It park lit sjen hoe't de earme befolking yn dit gebiet wenne yn de njoggentjinde iuw. Op 1 april giet it wer iepen foar it grutte publyk en dan moat de boel fansels wol in bytsje skjin wêze.
Museum De Spitkeet hâldt twa himmeldagen mei NLdoet
"Al dy âlde geboutsjes op it park moatte skjin foar't we los gean mei it seizoen", leit Renneke Wiersma fan De Spitkeet út. "En we hiene fansels net rekkene op de snie fan 'e moarn, dus we moatte efkes sjen oft alles hjoed trochgean kin of dat it op in oar momint moat. Hjoed draait om binnendoar alles himmeljen, we pakke echt alles oan."
De Spitkeet draait op frijwilligers. Ien fan harren is Onne Tuinstra. Hy is hiel werkenber mei in reade bûsdoek op 'e holle en in skrobber om 'e nekke oan in toutsje. "Ik bin mei pensjoen en mei graach dwaande wêze. En al dat âlde guod hjir yn it museum, dat fyn ik prachtich."
Op allerhanne lokaasjes yn de provinsje stekke frijwilligers freed en sneon de hannen út de mouwen yn it ramt fan NLdoet: de grutte frijwilligersaksje fan it Oranje Fonds. Doel is om safolle mooglik minsken derta oan te setten ris te helpen op plakken dêr't der ferlet fan is.
Tuinstra wie ferline jier mei NLdoet foar it earst frijwilliger by De Spitkeet. "Ik bin hjir dêrnei net mear fuortgien", laket hy. "Ik fyn it hjir sa moai. Yntusken ha ik safolle dien. In hiel soad skilderwurk bygelyks. En hjoed helje we spinreach fuort en sette we de boel teplak."
Troch it minne waar koene net alle wurksumheden dien wurde, dus hoopje se op 'e Harkema op in sniefrije saterdei om alles ôf te krijen.