Friezen yn mearderheid tsjin lanlike stikstofbelied

© ANP Foto
Mear as de helte fan de Friezen wol dat de provinsje him ferset tsjin it lanlike stikstofbelied. Der is yn Fryslân ek net in soad stipe om boeren twongen út te keapjen.
Te folle stikstof is net goed foar de natuer. En omdat Nederlân in soad stikstof útstjit, wol it kabinet dat ferminderje. En dat is net allinnich in kwestje fan wollen, it moat ek fan de rjochter. It doel is no om yn 2030 de helte minder út te stjitten. En omdat de lânbousektor ferantwurdlik is foar in grut part fan de útstjit, falt dêr it measte te heljen kwa reduksje.
It Ryk freget de provinsjes om it stikstofbelied út te fieren en sa de lanlike doelen te heljen. Dat soe hjir mei de saneamde 'Fryske oanpak' gean, mar it is mar de fraach oft dat akseptearre wurdt. Sa gong de provinsje út fan in stikstofreduksje yn 2035, yn stee fan yn 2030.
Boppedat wie de bedoeling dat benammen yn de súdeasthoeke de útstjit omleech moast en dat yn de rest fan Fryslân minder reduksje nedich wie. Mar stikstofminister Van der Wal joech oan neat te sjen yn de Fryske oanpak.

Friezen wolle ferset tsjin lanlike oanpak

In mearderheid fan de Friezen sjocht wer neat yn de lanlike oanpak, sa docht bliken út sifers fan it Kieskompas, dy't oant no ta troch goed 56.000 Friezen ynfolle is. Sa seit 57 prosint dat de provinsje him fersette moat tsjin it lanlike stikstofbelied, 30 prosint fynt dat Fryslân dat just net dwaan moat.
It persintaazje dat him fersette wol, leit boppe it lanlike trochsneed. Fan alle Nederlanners fynt 47 prosint dat har provinsje har fersette moat tsjin it lanlike belied.
Dit binne de partijstânpunten by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:

"Om boeren te beskermjen moat de provinsje har fersette tsjin it lanlike stikstofbelied"

Folslein mei iens: BBB, BVNL, Forum voor Democratie, JA21, Provinciaal Belang Fryslân, PVV, SP
Mei iens: FNP, VVD
Neutraal: -
Net mei iens: 50Plus, CDA, ChristenUnie, GrienLinks, PvdA
Folslein net mei iens: AWP, D66, Partij voor de Dieren
It Kieskompas wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan it Fonds Bijzondere Journalistieke Projecten.
De ferskillen tusken de achterbannen fan de ferskate partijen binne tige grut. Sa jout hast elkenien dy't fan doel is om Forum voor Democratie, BVNL of BBB te stimmen oan dat se wolle dat de provinsje him ferset. By elke achterban is dat mear as 90 prosint.
Dêrtsjinoer steane de takomstige GrienLinks- en D66-stimmers. Yn dy groepen is minder as 10 prosint foar ferset.
Fan de Friezen dy't twa jier lyn foar de Twadde Keamer op it CDA stimd ha, fynt 64 prosint dat Fryslân him fersette moat tsjin it lanlike belied (dat ûnder oare troch kabinetspartij CDA fêststeld is).
Mar fan dy groep stapt no hast in kwart oer nei de BBB, is ek te sjen yn data fan it Kieskompas. De lytsere groep CDA'ers dy't oerbliuwt, is minder stellich: dêrfan fynt 'mar' 52 prosint dat de provinsje net meigean moat yn it belied út Den Haag.
Inselde byld is te sjen by VVD-stimmers. 55 prosint fan de minsken dy't by de Twadde Keamerferkiezingen fan twa jier lyn op dy partij stimden, fine dat Fryslân him tsjin it lanlike belied fersette moat. Mar ek de VVD ferliest by de kommende ferkiezingen stimmers yn fergelyk mei twa jier lyn. De minsken dy't kommende woansdei noch VVD sizze te stimmen, binne minder faak foar ferset: noch 39 prosint.

Utkeapje boeren gjin opsje foar measte Friezen

Ek it eventueel twongen útkeapjen fan boeren kin net op in soad stipe rekkenje ûnder Friezen. Mar 24 prosint fynt dat in opsje, 66 prosint net. Dêrmei sit Fryslân in stik boppe it lanlik trochsneed. Lanlik fynt 55 prosint dat twongen útkeapje net kinne moat.
Dit binne de partijstânpunten by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:

"Om de útstjit fan stikstof te ferminderjen mei de provinsje boeren twongen útkeapje"

Folslein mei iens: Partij voor de Dieren
Mei iens: D66, GrienLinks, PvdA
Neutraal: -
Net mei iens: 50Plus, AWP, ChristenUnie, SP, VVD
Folslein net mei iens: BBB, BVNL, CDA, FNP, Forum voor Democratie, JA21, Provinciaal Belang Fryslân, PVV
It Kieskompas wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan it Fonds Bijzondere Journalistieke Projecten.
Net ferrassend is dat benammen stimmers oan de rjochterkant fan it politike spektrum tsjin it twongen útkeapjen fan boeren binne. Sa fynt 97 prosint fan de minsken dy't takom wike Forum voor Democratie stimme sille dat dat gjin opsje wêze mei, krekt as 94 prosint fan de BBB-stimmers en 93 prosint fan de BVNL-stimmers.
Op 'e nij binne it minsken dy't GrienLinks of D66 stimme dy't dêr it minste problemen mei ha: fan har is 18 prosint tsjin it twongen útkeapjen.
Fan de minsken dy't sizze CDA te stimmen takom wike, is 66 prosint dertsjin. De achterban fan de VVD is minder faak tsjin dizze opsje: 47 prosint wol it net.
Stikstof is ien fan de grutte ûnderwerpen yn it fiifde en lêste ferkiezingsdebat by Omrop Fryslân. Dêryn binne jûn de listlûkers fan it CDA, D66 en de BBB te gast. De spesjale útstjoering fan It Polytburo begjint om 17.30 oere.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.