Net genôch stimmallen: bline minsken út Súdwest-Fryslân kinne net yn eigen gemeente stimme

Minsken dy't blyn binne of min sjogge, kinne net stimme foar de Provinsjale Steate- en Wetterskipsferkiezingen yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn stee dêrfan wurde dizze minsken mei taksys of oar ferfier nei in buorgemeente brocht.
Neffens boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente hat dat te krijen mei it feit dat de produsint fan saneamde stimmallen net yn steat wie om al it guod te leverjen. "Der is mar ien produsint fan dizze stimmallen yn Nederlân en dy hie te min kapasiteit en te min materiaal om al dy ferkiezingslisten te ferwurkjen."
"We hawwe it guod yn it neijier besteld by de produsint", leit De Vries út. "Doe joegen se al oan dat se it net foar elkoar krigen. Se koenen de mallen pas meitsje doe't de kieslisten fêststeld wienen, doe moasten se in hiel soad produsearje. Dat slagge net allegear."
Buorgemeente
De produsint fan de mallen hat by de gemeente garandearre dat se it by de folgjende ferkiezingen wol foar elkoar hawwe. Dêr hawwe bline minsken of minsken dy't min sjogge no net in soad oan.
De gemeente hat dêrom in oare oplossing betocht. "Minsken dy't min sjogge, wurde ophelle mei in taksy en nei in stimburo yn in buorgemeente brocht dêr't wol sa'n stimmal is. De kosten dêrfoar fergoedzje wy", seit de boargemaster.
De Vries ropt minsken dy't hjir gebrûk fan meitsje wolle op om harren te melden by de gemeente.