Firda hâldt op mei eigen busferfier foar learlingen

Studinten fan Firda ride mei de Firda-liner wer nei hûs ta © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mbû-skoalle Firda kin net langer ferfangend busferfier foar learlingen oanbiede. Earder melde de skoalle al dat it hieltyd dreger waard om bussen yn te hieren. De skoalle kaam mei busferfier foar learlingen fanwegen de oanhâldende stakingen yn it iepenbier ferfier.
As iennige mbû-ynstelling yn Nederlân sette Firda útein mei bussen doe't it streekferfier yn febrewaris in wike lang ûntregele wie. De ferwachting wie dat dit net lang duorje soe, mar der steane no sels al stakings op de planning foar april.

Net mear ferantwurde

It is foar de nije fúzjeskoalle fan ROC Friese Poort en Friesland College finansjeel net mear ferantwurde om noch langer bussen yn te hieren. Oan de oare kant bliuwe de stakings neffens de skoalle wol in grutte ympakt op it ûnderwiis hawwen. De skoalle hopet dan ek dat de partijen sa gau mooglik wer om tafel sille.