Fryslân kleuret wyt troch de snie, sjoch hjir de moaiste foto's

Fytse troch de snie © Kappers Media
De snie hat in grut part fan ús provinsje freedtemoarn feroare yn in wite wrâld. Dat smyt moaie plaatsjes op, al bringt it hjir en dêr ek oerlêst.
Want rinne en fytse troch de snie is net altyd like maklik.
Fia de social media en app fan Omrop Fryslân waarden hûnderten foto's ynstjoerd.
It gie ek wolris mis yn it ferkear, lykas hjir op de Ofslútdyk.
Dit wie fansels net de bedoeling fan de sjauffeur © CAMJO Media
Rykswettersteat hat in advys foar alle minsken dy't de dyk op moatte:
It KNMI hat koade giel ôfkundige fanwege glêdens. Dy warskôging jildt noch oant sneontemoarn 11.00 oere.
Yn it Cambuurstadion wie it mear 'koade wyt'. Minsken besykje it fjild sniefrij te krijen.
De ferskillen yn de provinsje wienen somtiden grut. Op it iene plak wie de wrâld grien op it oare wyt.
Harns wie ien fan de plakken dêr't snie foel, sa seagen se ek by Rederij Doeksen.
Op It Amelân wie der ek sprake fan winterske delslach. Al bleau it dêr net echt lizzen.
It is te hoopjen dat je witte hokker kant je hjir op moatte. De buorden sille jo yn elts gefal net helpe.
Foar in soad minsken betsjut snie in protte wille, want wat is der no moaier om mei dit waar bûtendoar te wêzen?
Dizze auto makke in 'donut' yn de snie © Omrop Fryslân