Sanne fan It Heidenskip wennet op in sylboat: "It fielt as tuskenpensjoen"

"It fielt as ien grutte fakânsje. We neame it ús tuskenpensjoen." Sanne Lobke IJlstra fan It Heidenskip wennet tegearre mei har freon op in sylskip dat no by Sisilië leit.
Sanne (28) hat wol wat mei silen. Se hat earder op it Warkumer IFKS-skûtsje Redbad mei syld. It idee fan in eigen sylskip kaam doe't se mei har freon op fakânsje wie en se allegearre sylboaten fan it iene strân nei it oare farren seagen. Dat like harren ek wol wat.

Ofrûne simmer kochten se yn Grikelân in sylboat fan 13,5 meter lang by 4 meter breed. Der kinne seis persoanen op, dus freonen en famylje kinne ek oernachtsje. "It is in soart fan lyts appartemint."

Nei de simmer makken se de oerstek fan Grikelân nei Sisilië om dêr te oerwinterjen. It silen op dit skip moast wol wenne. Op in skûtsje is alles hiel oars. Der sit folle mear bemanning op en op dit skip binne se mar tegearre. "In freon mei ûnderfining hat it ús leard en úteinlik hawwe we it sels oernaam."
Wurk
Sanne is noch op syk nei wurk dat se oan board dwaan kin. Dan kinne se dit libben folle langer libje. Har freon hat al wol wurk fûn. Se hawwe foltiid ynternet oan board en mei in laptop kinst in hiel soad dwaan.

Dy earste grutte oerstek fan Grikelân nei Sisilië is it hichtepunt oant no ta. "Dat wie twaenheale dei en nacht achterinoar sile. De sinneûndergong, de stjerrehimel dy'tst yn it roettsjuster goed sjen kinst en de oare dei de sinne wer opkommen sjen, it wie geweldich."

Ein maart wol it stel wer rjochting Grikelân sile. De dream is om úteinlik de oerstek te meitsjen nei de oare kant fan de oseaan. Se genietsje fan it frije libben. "We neame it ús tuskenpensjoen."