Sânfurd kin greidefûgelparadys bliuwe no't stichting grûn keapet fan ophâldende boeren

Ygram Ykema (links) en Jolke Groenveld (rjochts) © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It lytse doarpke Sânfurd moat ien fan de bêste greidefûgelplakken fan Fryslân wurde. Twa boeren dy't jierrenlang it gebiet yn Súdwest-Fryslân ûnderhâlden, gean mei pensjoen. De stichting Rijke Weidevogelfonds keapet harren grûn en buorket fierder.
"Tink wol om de fuotten, want it is hjir wiet," seit Ygram Ykema, wylst er mei doarpsbewenner en freon Jolke Groenveld oer de greide fan Sânfurd rint. De greide is omjûn troch wettergebiet.
Sânfurd is in skiereilân dat oan trije kanten wetter hat. It doarpke telt sawat tritich ynwenners mei in tal pleatsen. Der wurdt al jierren wurke oan de stân fan de greidefûgels.

Net folle rôvers en wetterryk

"Dit is it perfekte gebiet foar de fûgels," seit Ykema. "Troch it wetter is de predaasje troch rôfbisten leech, want dy bisten kinne der net trochkomme. Boppedat moatte de fûgels sels ek in soad wetter hawwe. Dy plasdrasgebieten kinne wy hjir maklik oanlizze. Der moat ek genôch krûden wêze foar de bisten, sa't sy sels ite kinne. Dy groeie hjir maklik troch al dat wetter."
Greidefûgellân by Sânfurd
Beide boeren Ykema en Groenveld hawwe jierrenlang dwaande west om it gebiet te helpen mei de greidefûgels. Dat docht fertuten, want it giet goed mei de fûgel.
"Dat komt ek om't wy der buorkje", seit Groenveld, wylst er in hikke iependocht om in greide yn te rinnen. Efkes fierderop stean hûnderten guozzen op in kloft yn de greide. "De bisten libje fan de dong fan kij en dat wurket dus moai."

De rêdende stichting

Dochs soe de relaasje tusken minsk en bist yn de knipe reitsje kinne as beide boeren ophâlden binne mei buorkjen. "Wy kinne ek net ivich dwaande bliuwe," seit Groenveld.
"Wy woene graach dat dit gebiet sa bestean bliuwt, dus woene wy in nije boer derop. Dat is dreech, want it kostet hast jild om hjir in pleats te hawwen. Doe kaam de stichting en dat wie ús rêding."

De stichting Rijke Weidevogelfonds keapet de grûn fan de manlju oer en set der sels in boer op. Dy kin foar in leech bedrach de grûn pachtsje fan de stichting. Sa kin er de pleats rendabel hâlde.

Nije boer moat in soad dwaan foar de natuer

Dat betsjut wol dat de boer in soad foar de natuer dwaan moat. "Mar dan bliuwe de fûgels hjir wol bestean", seit Ykema. "Dat is foar ús de moaiste útkomst, want wy ha hjir jierrenlang dwaande west. No bin ik bliid dat it trochgiet."

De nije boer sil yn de kommende moannen begjinne yn Sânfurd.