VVD en FNP einen útelkoar yn debat: Lelyline is brekpunt

De Lelyline is in brekpunt foar de FNP en VVD by de kommende Steateferkiezingen. De twa partijen, dy't no beide yn it kolleezje sitte, steane fier by elkoar wei: de FNP is fel tsjin, de VVD grut foarstanner. JA21 stiet oan de kant fan de VVD.
Yn it bestjoersakkoart dat de koälysje fan CDA, PvdA, VVD en FNP yn 2019 presintearren, stie de ambysje dat de Lelyline oanlein wurdt. Yntusken, fjouwer jier letter, is de Lelyline ûnderdiel wurden fan it saneamde Deltaplan voor het Noorden. Dat is de reden dat de FNP no tsjin is.
Yn dat Deltaplan stiet nammentlik net allinnich dat der in spoarline oanlein wurde moat, mar ek dat der yn Noard-Nederlân 220.000 wenningen boud wurde. Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân soenen sa in belangrike bydrage leverje oan it oplossen fan de grutte wenningneed. Ut it mienskiplike ferdjipjend ferfolchûndersyk docht lykwols bliken dat de bou fan 220.000 huzen net realistysk is. De bou fan ekstra wenten is grif mooglik, mar it sil ophâlde mei 25.000 oant 75.000 ekstra wenten.
De listlûkers fan de VVD, FNP en JA21 praten yn it fjirde ferkiezingsdebat fan Omrop Fryslân oer de Lelyline, de wolf en stikstof. It debat is hjir werom te sjen.
Moarn is it lêste fan fiif debatten. Dan binne de listlûkers fan it CDA, D66 en de BBB te gast.
"Der is in soad bard de ôfrûne jierren", seit listlûker Sijbe Knol fan de FNP. "We binne benaud dat dy wenten in grutte impact ha sille op de provinsje, dat sil ús lânskip en romte feroarje. Dat hat derfoar soarge dat we no tsjin binne."
Sa bot sels, dat it foar Knol in brekpunt is by de kommende ferkiezingen. "Fansels, dúdliker kin ik net wêze." Oft dat betsjut dat de FNP de opposysje yn giet, moat neffens Knol noch mar bliken dwaan. "It is net wis dat de partijen dy't foar de Lelyline binne, aanst it foartou nimme. Der binne mear partijen kritysk."
Ek foar VVD-listlûker Avine Fokkens - ambassadrise fan de Lelyline - is it in brekpunt. "Wij zullen niet in een coalitie stappen waar de Lelylijn géén onderdeel van uitmaakt."
Wol of net opnimme fan de Lelyline yn it koälysje-akkoart is in brekpunt foar de VVD en FNP:
Wol of net trochsette mei Lelyline is in brekpunt foar VVD en FNP
Fokkens hie de ôfrûne fjouwer jier as deputearre de Lelyline yn har portefúlje. Se sjocht de spoarline en de wenningen just as middel om de leefberheid yn Fryslân te fersekerjen. "De beroepsbevolking is aan het afnemen, dus ik maak mij hard om gezinnen met kinderen hier heen te halen."
JA21 kiest deselde line as de VVD: "Moatst it oantrekliker meitsje foar bedriuwen om har hjir te fêstigjen", seit listlûker Maarten Goudzwaard. "It is needsaaklik, alle wiken binne der no foar njoggen oeren steuring op it trajekt."
Boppedat, sa seit er: "Undersyk fan it Fries Sociaal Planbureau hat oantoand dat de Lelyline mear foarstanners hat as tsjinstanners yn Fryslân: 46 prosint is foar, 26 prosint tsjin."
De gek hân mei de wolf?
Fryslân is te lyts foar de wolf. Dêr binne de trije partijen it oer iens. Ek fine se dat de beskerme status fan de wolf - dy't fêstlein is yn Europeeske regeljouwing - sa gau mooglik oanpast wurde moat.
De FNP fynt dat de provinsje mear oantrúnje moat op it oanpassen fan dy status. "De Europeeske regeljouwing moat earst oanpakt wurde", fynt Knol. "Dêrom nûgje ik alle partijen út om mei ús nei Brussel ta te gean, oars krije we it net foar elkoar."
De FNP wol gjin stek tsjin de wolf, mar wat dan wol?
Is der plak foar de wolf yn Fryslân?
De VVD en JA21 wize de FNP derop dat de partij earder de gek hie mei de wolf. "Jullie hebben het onderschat en er een beetje een lolletje van gemaakt", fynt Fokkens.
Se ferwiist dêrmei nei in tweet dy't Knol yn 2020 pleatste. Op in foto yn de tweet steane Knol en partijgenoat Wopke Veenstra op de útkyk. Op in stek stiet in boerd mei de tekst: "Wolkom yn Fryslân. Für Wölfe verboten."
"It stek ha we yndie ridikulisearre en dat hat kwea bloed set", seit Knol. "Oan de oare kant fine wy ek dat it idee fan in stek ridikúl is."
Mar fan ûnderskatting is gjin sprake, neffens him. "We ha de help fan Den Haag nedich. Dat moat ek fia jim partijline, want oars slagget it hjir net. Us ynwenners sitte dêrop te wachtsjen."
Ferset tsjin Den Haag
Wat de stikstofoanpak oanbelanget binne de trije partijen it deroer iens dat Fryslân him fersette moat tsjin it lanlike belied. Mar hoe't we dan út de krisis komme, dêroer ferskille de mieningen.
Neffens Fokkens moat de stikstofoanpak gebeure op de 'Fryske wize', wat ynhâldt dat se mear tiid brûke wol. Se giet dêrby yn tsjin it belied fan stikstofminister en VVD-partijgenoat Van der Wal. "We hebben hier ons eigen bestuur en onze eigen politiek. In de wet staat dat de doelen in 2035 gehaald moeten zijn. Den Haag heeft de neiging om 2030 aan te houden. Voor ons is nog steeds 2035 leidend."
Ek de FNP fynt dat boeren de tiid ha moatte om har oan te passen. "We moatte mear prate oer it perspektyf en de takomst fan de lânbou", fynt Knol. "Soargje dat boeren in goed stik brea fertsjinje kinne mei duorsume lânbou. It binne ûndernimmers. As dat bart, dan rêde we it wol mei ús allen."
Felle diskusje oer natuer en stikstof tusken FNP, JA21 en VVD:
Is in 'reparaasjewet' de oplossing foar de stikstofkrisis?
Neffens JA21 hat it Ryk him it stikstofprobleem sels oplein, troch yn de jierren 90 te folle Natura 2000-gebieten oan te wizen. "Gjinien hat doe betocht wat it betsjutte soe en no sitte we dermei", seit Goudzwaard.
Ek de VVD fynt dat Nederlân it himsels ûnnedich yngewikkeld makke hat: "De rechter toetst aan de wetgeving die we zelf bedacht hebben, met zware doelen." Wol fynt Fokkens dat it bioferskaat ferbettere wurde moat: "We kunnen niet zeggen dat er niks aan de hand is."
Freed is it lêste ferkiezingsdebat fan Omrop Fryslân. Dan binne de listlûkers fan BBB, CDA en D66 te gast.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.