Soarchynstânsjes sette yn op persoanlike sûnensomjouwing foar gegevens

© Shutterstock
Soarchbrûkers yn de trije noardlike provinsjes kinne hieltyd faker harren gegevens besjen by meardere soarchferlieners. Fan dizze maitiid ôf binne de measte húsdokters en sikehuzen by in 'persoanlike sûnensomjouwing' oansletten, in pasjinteportaal fan meardere soarchoanbieders.
Yn dizze mienskiplik ferzje wurkje tal fan soarchoanbieders yn Fryslân, Grinslân en Drinte gear. It giet ûnder mear om húsdokters, sikehuzen en GGZ-ynstellingen. Pasjinten hoege dan net mear by ferskillende soarchoanbieders apart yn te loggen, mar kinne alles sjen op ien sintraal plak.
Njoggen sikehuzen yn it Noarden sette dizze wike útein mei in kampanje om de nije wurkwize ûnder de oandacht te bringen by harren pasjinten. Yn Fryslân bart dat bygelyks by it MCL yn Ljouwert, Nij Smellinghe yn Drachten, Sikehûs Tsjongerskâns op It Hearrenfean en it Antonius Sikehûs yn Snits.
Neffens de sikehuzen hat de sûnensomjouwing in soad foardielen. Sa hoecht in pasjint net mear yn ferskillende portalen te sjen, mar kin er medyske gegevens fan de húsdokter en it sikehûs sammelje op ien plak. Minsken kinne der ek sels gegevens yn sette, lykas bloeddruk en gewicht.
Op dizze wize kinne de soarchynstellings ek ûnderling makliker gegevens útwikselje.