Lienteleskoop yn biblioteek Sint Anne: "Venus wie in lyts stipke"

Stjerrekundige Theo Jurriens © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Stjerrekundige Theo Jurriens fan de Ryksuniversiteit Grins hopet dat de teleskopen yn de biblioteken soargje foar mear wurdearring fan it tsjuster fan it Noarden. "Dat mensen beseffen dat ze van de donkerte in hun leefomgeving kunnen genieten."
Jurriens wie yn Sint Anne om in stjerrekuiertocht te begelieden en om de lienteleskoop fan de biblioteek te demonstrearjen.
Lienteleskoop by biblioteek Sint Anne, "Venus wie in lyts stipke"
By de biblioteken fan Sint Anne en Hallum binne sûnt koart teleskopen te lien, sadat minsken de stjerren fan tichterby sjen kinne.
De ljochtfersmoarging is it minst grut yn it Noarden fan Nederlân, sadwaande dit insjatyf fan meardere partijen.
Jonge dielnimmer Jacob fynt it prachtich. Hy hat troch de teleskoop Venus sjoen. "It wie in stipke, hiel lyts".
Syn favorite himellichem is de moanne. "Soms sitte dêr ek in soart stipkes op."