Marrit Jellema makket mei 'Voor Altijd' monumint foar har ferstoarne mem
It is ôf. It monumint foar har ferstoarne mem. Want sa sjocht spoken word-artyst Marrit Jellema har nije album 'Voor Altijd'. It proses ferge in soad fan har. Se is dan ek bliid en foldien mei it resultaat. "En nu is het tijd voor stilstand."
Op 'Voor Altijd' bringt Jellema (29) har ferhaal foar it fuotljocht troch spoken word, droegen troch muzyk fan Jochem Knoef. Hjir gie wol wat eangst oan foarôf, fertelt Jellema. Want in hiel album oer de dea fan har mem, is dat net wat in soad foar harkers?
Deiboek of album
"Nadat mijn moeder overleed aan kanker, werd er voor mijn gevoel niet veel gevraagd naar hoe het met me ging. Daardoor leek het soms alsof er niks was gebeurd", seit Jellema. "Ik vroeg me om die reden af of ik er eigenlijk wel over mocht vertellen, of er geen taboe op rust."
'Waarom doe ik dit?' vroeg ik me soms huilend af.
Nei in masterclass fan Dorothy Blokland ferdampten de twivels. It besef dat it derom giet wat sy fertelle woe, waard my lang om let dúdlik. Se keas har wei, al wie it ien mei de nedige hobbels. "Want ik was eerst nog bang om het naar buiten te brengen. 'Kan ik het niet beter in een dagboek schrijven? Waarom doe ik dit?' vroeg ik me soms huilend af."
"Maar na een tijd wist ik in welke vorm ik het moest gieten. En dat werd: niet mijn ellende een op een delen, maar het groter maken dan mijn eigen situatie. Zo maak je het universeel."
Op de skouders fan muzyk
Jellema treedt op as spoken word-artyst. De teksten op 'Voor Altijd' draacht se ek op dy wize foar. De taal krijt begelieding fan in muzikant, yn de persoan fan Jochem Knoef. En dat is nij. Dochs wist Jellema fuortendaliks dat se wurd en muzyk ferfrisselje woe.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
"Als ik op het podium sta, dan kan het prima zonder muziek. Want dan zie je mij. Als je alleen luistert, dan is het zonder juist wat kaal. Want muziek kan een wat diepere laag geven. Plus, het zorgt er ook voor dat het lastig is om de nummers een labeltje mee te geven, en dat vind ik eigenlijk ook wel tof."
Sjonge
Hjir en dêr sjongt Jellema sels op it album. "Ja, dat ben ik niet gewend, en daar zijn ook wat zanglessen aan vooraf gegaan hoor, haha. Maar het is interessant om te kijken of dat iets is om vaker te gaan doen. Het was mede hierdoor in ieder geval een uitdagend creatief proces."
Taal spile fan lyts ôf oan in wichtige rol yn har libben. Yn de beukerklasse wie it al dúdlik. "Ik schreef brieven voor de juf, die zij vervolgens voorlas. Ook schreef ik op de basisschool verhaaltjes. En lezen. Dat deed ik heel veel", wit se noch goed.
"Mijn doel was om de boekenkast van groep 4 uit te lezen. Omdat ik graag las, maar ook een beetje zodat ik dan groep 5 kon binnenstappen met de mededeling dat ik onze eigen kast had uitgespeeld, haha."
Dat nu alles op zijn plaats begint te vallen, voelt als oogsten na het harde werk.
"Toen ik 16 was stuurde ik wel eens wat in voor een gedichtenwedstrijd. Maar twee jaar later begon ik me echt te ontwikkelen en kwam ik met mijn eerste dichtbundel." Jellema fertelt dat se oant dy tiid wraksele mei in ferslaving. Fan har achttjinde ôf gie it roer om en trape se it gas yn. "Ik trad veel op en werkte hard. Tien jaar lang. Dat nu alles wat op zijn plaats begint te vallen, voelt daarom als oogsten."
Dochter en artyst
It jout Jellema in goed gefoel dat it album klear is. It wêzen fan sawol dochter as artyst, wie dreech. "Soms stond er een sessie voor mijn stemgebruik op de planning, terwijl ik liever gewoon door een fotoboek wilde bladeren. Toch ben ik met dit album ook bezig geweest met het verlies. Het is goed dat ik dit gedaan heb. En dat het de wereld in is. Dat is fijn als artiest", seit Jellema. "Maar als mens loop ik nog wel tegen het verlies aan. Daarom is het nu even tijd voor stilstand."
De top 5 fan Marrit Jellema
Artyst | Nûmer |
Ramses Shaffy | Laat Me |
Johnny Cash | You Are My Sunshine |
Marrit Jellema | Jij Blijft |
Queen | Love Of My Life |
Typhoon | Ogen Dicht |